Martinus fan Scheltinga (Bûtenpost, 1656 of 1657 - dêre, 21 jannewaris 1726) wie de soan fan Livius fan Scheltinga, grytman fan Achtkarspelen en Wisckje fan Kinnema, liet him 11 maart 1675 ynskriuwe as juridysk studint oan de hegeskoalle yn Grins en promovearre yn Leien.
Op 20 febrewaris 1679 waard hy oansteld as riedshear oan it Hof fan Fryslân, hy soe it amt 36 jier beklaaie. Neidat er yn 1715 syn rjochterlike betrekking oerjûn hie yn it belang fan syn soan Gajus fan Scheltinga, waard hy op 9 jannewaris 1715 grytman fan Aenjewier ynstee fan syn skoansoan (Jacobus van Bouricius, troud mei Wiskjen van Scheltinga). Mar al yn 1721 liet hy ek dizze betsjinning farre, foar syn pakesizzer Martinus fan Bouricius. Sels bleau hy, fanwege Martinus syn minderjierrichheid, substitút-grytman oant syn dea.
By syn frou Jetscke Wisckia fan Broersma krige er njoggen bern, wêrfan't in dochter Wisckje boaske mei Jacobus fan Bouricius, grytman fan Aengwirden.
Sjoch ek List fan grytmannen fan Aenjewier
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk rjochter Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Aenjewier Kategory:Persoan berne yn Bûtenpost Kategory:Persoan stoarn yn Bûtenpost Kategory:Persoan berne yn 1656 Kategory:Persoan berne yn 1657 Kategory:Persoan stoarn yn 1726 Kategory:Hof fan Fryslân