Foarfallen Itaalje Yn Rome wurde Lusius Antonius en Publius Servilius Isaurikus, troch de Senaat keazen ta konsul fan it Imperium Romanum. Lusius Antonius stipet it ferset fan Fulvia, de frou fan Markus Antonius, tsjin de konfiskaasjes yn Italia. Gaius Julius Caesar Octavianus moat út Rome flechtsje, mar belegeret Praeneste en letter Perusia. Markus Antonius set mei in Romeinsk ekspedysjeleger (8 legioenen) ôf nei Syria om in fjildtocht tsjin de Parten ta te rieden.
Lyts-Aazje Markus Antonius moetet Kleopatra VII oan de mûning fan de Cyndus yn Tarsus (Cilicië), hy kriget in ferhâlding mei har en slút oan board fan it skip de "Thalagemes" in alliânsje. Arsinoë IV, in healsuster fan Kleopatra, wurdt fanwege Antonius, op de treppen fan de Timpel fan Artemis yn Efeze deadien.
Berne Gaius Asinius Gallus, Romeinsk konsul en steatsman (stoarn 33)
Ferstoarn Arsinoë IV (* ~68 f.Kr. - † ~41 f.Kr.), prinsesse en healsuster fan Kleopatra (27)
Kategory:1e iuw f.Kr.