thumb|Boargemaster H.M. Martens iepenet in wedstriid hakjen en houtseagjen yn Nunspeet (1957) thumb|Lêste folmachtegearkomst fan Wymbritseradiels c.a. Contributie Zeedijken, 30 desimber 1937. Martens stiet tredde fan lofts.

Hendrik Michiel Martens (De Lemmer, 2 febrewaris 1900 - Amersfoart, 4 maart 1977) wie in Nederlânsk boargemaster.

Martens syn amtlike karriêre begûn as folontêr op de sekretary yn Wûnseradiel. Dêrnei wie er amtner op de sekretary fan Tytsjerksteradiel en Wûnseradiel en in tal jierren adjunkt-kommys yn Hilfertsom. Begjin jierren tweintich ferfarre er nei de gemeente Wymbritseradiel dêr't er haadamtner (1922-1924) en sekretaris (1924-1931) wie, yn 1931 waard er dêr boargemaster. Ek hie er ferskate njonkenfunksjes sa as sekretaris fan de feriening foar Kristlik ûnderwiis, regint fan it Snitser Ald Burger Weeshûs en dykgraaf.

Martens waard op 1 augustus 1938 ynstalearre as boargemaster fan Ermelo."Benoemd tot burgemeester van Ermelo", yn Ljouwerter Krante, 11 july 1938 Novimber 1942 frege er dien wat er twa moanne letter ek krige en boppedat moast er fanwege de Dútsers de provinsje Gelderlân ferlitte. Yn 1945 kaam Martens werom yn syn âlde funksje dy't er hold oan syn pinsjoen yn 1962. "Burgemeester Martens nam afscheid van gem. Ermelo", in Dagblad voor Amersfoort, 2 july 1962 Martens wie lid fan de CHU.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:CHU-politikus Kategory:Boargemaster fan Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Frysk konservatyf Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk konservatyf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne op De Lemmer Kategory:Persoan berne yn 1900 Kategory:Persoan stoarn yn 1977