Elburch (Nederlânsk: Elburg) is in gemeente yn de provinsje Gelderlân. De gemeente hat ynwenners (, boarne: CBS) en in oerflak fan 65,95 km². It gemeentehûs, dat iuwenlang yn de âlde stêd fan it haadplak Elburch stie, stiet no yn de wyk Oostendorp, in earder oan de stêd grinzjend buorskip. Elburch krige yn 1233 stedsrjochten, itjinge as it begjin fan it gemeentlik bestjoer sjoen wurde kin. thumb|300px|Topografyske kaart fan de gemeente Elburch (2015 Oare kearnen Oare kearnen yn de gemeente Elburch: 't Harde Oostendorp Hoge Enk Sjoch foar de rest fan de gemeente: Doornspijk
Ferkear en ferfier De measte wenkearnen yn de gemeente lizze fuort oan de Suderseestrjitwei en wurde betsjinne troch Systus Gelderlân-busline 100 (Swol-Nunspeet) en de flugge tsjinst 200 (Elburch-Swol). De kearn 't Harde leit oan de autodyk A28 en oan de spoarline Utert - Swol. Twaris yn it oere per rjochting wurdt 't Harde oandien troch in stoptrein. Sûnt koart hat de gemeente ek syn eigen buertbus. Line 514 pindelt tusken 't Harde en Wezep fia de Hoge Enk, Elburch, Oosterwolde, Oldebroek, Mullegen, en ´t Loo.
Polityk Gemeenteried De gemeenteried fan Elburg bestiet út 19 sitten. Gearstalling fan de ried sûnt 1994: GemeenteriedssetelsPartij19941998200220062010 2014 2018 2022CU*34433454Algemien Belang33444444Elburch Belied----2223*LEV -------3SGP43333332CDA44433222VVD22221221PvdA*3323211-Gemeentebelang---11---Totaal1919191919191919 Yn 1994 en 1998 die de RPF/GPV, ien fan de foargongers fan de KristenUny mei oan de ferkiezingen. Yn 1994 en 1998 hie de PvdA in mienskiplike list mei D66. Yn 2022 hiene PfdA en Elburch Belied in mienskiplike list. Boargemasters 2001-2007 Hendrik Visser (KristenUny). De Elburger boargemaster wie ûnder mear boargemaster fan Arnemuiden (1990-1997) en Nij-Lekkerlân (1997-2001). Hy wie fan maaie 2001 oant en mei oktober 2007 boargemaster fan Elburch. 2007- 2017 Frans de Lange (1966). De eardere wethâlder fan Harderwyk waard unanym foardroegen troch de gemeenteried. 2017-2017 Harry Dijksma (VVD) wie waarnimmend boargemaster fan 1 febrewaris 2017 oant en mei 9 oktober 2017. 2017- Jan Nathan Rozendaal (SGP) is fan 13 oktober 2017 ôf boargemaster fan Elburch.
Kategory:Gemeente yn Gelderlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1233