thumb|Filips de Skiene Filips de Skiene, yn Spanje Filips I fan Kastylje neamd (Brugge, 22 july 1478 - Burgos, 25 septimber 1506), wie de soan fan Maksimiliaan fan Eastenryk en fan Marije fan Boergonje.

Filips erfde fan syn heit it grutste part fan it Hartochdom Boergonje en fan syn mem de Boergondyske Nederlannen (as Filips IV), en siet koart op de troan fan de Kroan fan Kastylje omdat er boaske wie oan keninginne Joanna fan Kastylje, dy't ek erfgenamt fan de Kroan fan Aragon wie. Filips wie de earste Habsburchske moarch yn Spanje. Hy erfde nea de fierdere gebieten dêr't syn heit oer hearske en waard ek gjin Keizer fan it Hillige Roomske Ryk omdat er earder as syn heit stoar, mar syn soan keizer Karel V slagge it om de Habsburchske, Boergondyske, Kastyljaanske en Aragoneeske besittingen te ferienigjen.

Neiteam Jehanna fan Kastylje en Filips de Skiene hienen seis bern: Eleonora (15 novimber 1498 - 25 febrewaris 1558), keninginne fan Portegal (troch har houlik mei Emanuel I) en Frankryk (troch har twadde houlik mei Frâns I fan Frankryk) Karel V (24 febrewaris 1500 - 21 septimber 1558) keizer fan it Hillige Roomske Ryk en kening fan Spanje, troude mei Isabella fan Portegal Isabella (18 july 1501 - 19 jannewaris 1526), keninginne fan Denemark troch har houlik mei Kristiaan II Ferdinand I (10 maart 1503 - 25 july 1564), keizer fan it Hillige Roomske Ryk, troude mei Anna fan Bohemen Marije fan Hongarije (18 septimber 1505 - 18 oktober 1558), keninginne fan Hongarije troch har houlik mei Loadewyk II Katharina (14 jannewaris 1507 - 12 febrewaris 1578) keninginne fan Portegal troch har houlik mei Johan III

Kategory:Kening fan Kastylje Kategory:Kening fan Leön Kategory:Kening fan Galysje Kategory:Aartshartoch fan Eastenryk Kategory:Hartoch fan Boergonje Kategory:Hartoch fan Brabân Kategory:Hartoch fan Limburch Kategory:Hartoch fan Lúksemboarch Kategory:Hartoch fan Gelre Kategory:Greve fan Hollân Kategory:Greve fan Seelân Kategory:Greve fan Henegouwen Kategory:Greve fan Flaanderen Kategory:Greve fan Arteezje Kategory:Greve fan Namen Kategory:Greve fan Sutfen Kategory:Greve fan Boergonje Kategory:Hear fan Mechelen Kategory:Dútsk persoan fan Aragoneesk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Flaamsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Katalaansk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Litousk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Oksitaansk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Portegeesk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Russysk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Hûs Habsburch Kategory:Persoan berne yn 1478 Kategory:Persoan stoarn yn 1506