Jacobus Johannes Hermanus (Jaap) Pop (Alfen oan de Ryn, 23 juny 1941 - Haarlim, 6 jannewaris 2026) wie Nederlânsk politikus foar de PvdA.

Pop waard op 18 jannewaris 1995 boargemaster fan de gemeente Haarlim as opfolger fan Elizabeth Schmitz. Earder hie er fan 1975 oant 1981 deselde funksje yn de gemeente Frjentsjer en fan 1981 oant 1988 yn Tiel, fan 1988 oant 1995 yn de gemeente Alkmar en fan 1995 oant syn pinsjoen yn 2006 yn de gemeente Haarlim.

Pop hie fotografy as leafhawwerij, yn desimber 2005 kaam it fotoboek "Vrouwen van Haarlem" út, mei portretten fan froulju út alle lagen fan de befolking. Ta gelegenheid fan syn pensjonearring ferskynde yn 2006 it fotoboek "Door het oog van de burgemeester".

Jaap Pop ferstoar op 6 jannewaris 2026 yn’e âldens fan 84 jier.

Publikaasjes 2005 - Vrouwen van Haarlem (fotoboek) 2006 - Door het oog van de burgemeester (fotoboek)

Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PvdA-politikus Kategory:Boargemaster fan Frjentsjer Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk fotograaf Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Persoan berne yn 1941 Kategory:Persoan stoarn yn 2026