thumb|left|170px|Plak fan Dundee yn Skotlân thumb|260px|De bark 'Frisia' út Harns yn de haven fan Dundee, 1859 Dundee (Skotsk-Gaelysk: Dùn Dèagh) is in stêd (city) yn Skotlân. De stêd is de op trije nei grutste fan Skotlân. Dundee leit yn it easten fan Skotlân, oan de Firth of Tay, it estuarium fan de rivier de Tay. It is teffens in riedsgebiet (council area).
Eartiids wie Dundeel ferneamd as stêd fan "jute, jam, en sjoernalisme"; der waarden ferskate kranten printe.
Dundee hat 37 basisskoallen en 9 middelbere skoallen en twa universiteiten: de Universiteit fan Dundee en de Universiteit fan Abertay Dundee. Dêr wenje sa'n 17.000 studinten.
Sport Dundee hat twa profesjonele fuotbalklups dy’t yn de Skotske kompetyske spylje . Dundee FC spilet yn de 1e difyzje yn Skotlân Dundee United spilet yn de Scottish Premier League.
De stadions fan de klups lizze neist elkoar.
Lju út Dundee James Barrie (1860-1937), Skotsk toanielskriuwer en skepper fan Peter Pan Liz McColgan (24 maart 1964), hurdrinster Andy Webster (23 april 1982), fuotballer Brian Cox (1 juni 1946), akteur
Kategory:Plak yn Skotlân