thumb|De gong nei Golgota thumb|Rêst by de flecht nei Egypte, ± 1690 Aert (of: Arent) de Gelder (Doardt, 26 oktober 1645 - dêre, 27 augustus 1727) wie in Nederlânske keunstskilder.

De Gelder wie earst learling fan Samuel fan Hoogstraten en gie dêrnei nei Amsterdam, dêr't hy fan 1661 - 1667 by Rembrandt wurke en dy syn lêste learling wie. Daarna gied er werom nei. Hy bleau wurkjen yn de trant fan syn learmaster: brede pensielstreken, skrassen yn de ferve en soksoarte ljochtkontrasten. De Gelder skildere benammen bibelske ûnderwerpen en portretten.

Skilderijen Juda en Thamar, ± 1681 (Wenen, Gemäldegalerie der Akademie der bildenden Künste) Kening David, ± 1683 (Amsterdam, Ryksmuseum Amsterdam, ynfolnûmer A 2695) It toilet fan Esther, ± 1684 (München, Alte Pinakothek) Portret fan tsaar Peter de Grutte (Amsterdam, Ryksmuseum?) Selsportret as Zeuxis (Frankfurt am Main, Städelsches Kunstinstitut, ynfolnûmer 1015)) Passyrige (± 1715, 22 doeken, wêrfan tsien yn Aschaffenburg, Schloss Johannisburg, en twa yn Amsterdam, Ryksmuseum) Portret fan Hermannus Boerhaave mei syn frou en dochterke, ± 1724 (Amsterdam, Ryksmuseum, ynfolnûmer A 4034)

Literatuer Tentoanstellingskatalogus Dordrechts Museum, Arent de Gelder (1645-1727), Rembrandts laatste leerling. Dordrecht / Keulen / Gint, 1998.

Keppeling om utens Ryksmuseum Steateoersetting

Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1645 Kategory:Persoan stoarn yn 1727