Kimberly Noel "Kim" Kardashian (Los Angeles, 21 oktober 1980) is in Amerikaanske styliste, aktrise, model en telefyzjebekendheid fan Armeensk, Nederlânsk en Skotsk komôf.Monuments and momentous times in Monte Carlo, kimkardashian.celebuzz.com Se is fral bekend troch har turbulinte priveelibben, realityshow Keeping Up with the Kardashians. Teffens hat sy in moade- en in parfumline.

Famylje Kardashian is de dochter fan de Iraanse Robert Kardashian (1944-2003), dy't bekend wurden is as abbekaat fan de destiids fan moard beskuldige O.J. Simpson. Har mem is Kris Jenner (Houghton, San Diego, 1955). Sy hat in âldere suster, Kourtney (1979), in jongere suster, Khloe (1984), in jongere broer, Robert Jr. (1987) en twa healsusters, dyt har mem krige mei atleet Bruce Jenner: Kylie en Kendall. Fia Jenner hat Kim Kardashian ek styfbroers Burton, Brandon en Brody en styfsuster Casey. Al dy sibben hawwe in rol yn de rige Keeping Up With The Kardashians, útsein Robert Kardashian, dy't nei syn skieding fan Kris Jenner oan kanker stoar.

Sekstape Kardashian har priveelibben waard net folle oer praat oant der in fideobân foar it ljocht kaam dêr't op te sjen wie hoe't sy seks hie mei har freon fan doe R&B sjonger Ray J (de broer fan sjongster Brandy). Sy klage Vivid Entertainment oan, dy't de bân útbrocht hie. Nei in skikking fan fiif miljoen dollar luts sy de oanklacht yn.

Aktivisme Kardashian stipet de erkenning fan de Armeenske genoside yn it iepenbier sa faak at sy kin en hat Barack Obama en it regear fan de Feriene Steaten oantrune de genoside ta te jaan.

Op 1 april 1 2010 die Kardashian mei oan Cyndi Lauper har Give a Damnkampanje dy't liede moast ta in breder bewustwêzen fan diskriminaasje fan de LGBT-mienskip yn it ramt fan har True Colors Fund. De kampanje rôp hetero's op om it op te nimmen foar homo's, lesbyske froulju, biseksuelen, transgenders en de diskriminaasje te stopjen.

Filmografy thumb|225px|Kardashian yn 2018. thumb|225px|Kardashian yn 2009. thumb|200px|right|Kim Kardashian yn 2009.

| 2008 | Disaster Movie | Lisa

| 2009 | Deep in the Valley | Summa Eve

| 2013 | Temptation: Confessions of a Marriage Counselor | Ava

| 2016 | Zoolander: Super Model | As har sels (stimme)

| 2018 | Ocean's 8 | As har sels | Cameo appearance |- | 2021 | PAW Patrol: The Movie | Delores (stimme)

Televisie en oar wurk WrestleMania XXIV (maart 2008) WWE Raw (1 ôflevering, maart 2008) Fideoklip Thnks fr th Mmrs fan Fall Out Boy (2007) The Tyra Banks Show (1 ôflevering, 2007) Chelsea Lately (2007) Más vale tarde (2007) Keeping Up with the Kardashians (8 ôfleveringen; 2007, 8 ôfleveringen; 2008) The View (1 ôflevering, novimber 2007) Entertainment Tonight (1 ôflevering, septimber 2007) Sunset Tan (1 ôflevering, 2007) Beyond the Break (1 ôflevering, 2006) The Simple Life (2 ôfleverings, 2006) MTV Cribs (1 ôflevering, 2007) Kourtney and Kim take New York (hiele seizoen 1, 2011)

Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Amerikaansk moadeûntwerper Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk blogger Kategory:Amerikaansk societystjer Kategory:Amerikaansk persoan fan Armeensk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1980