Keunstwurk is sûnt 1993 it kennissintrum foar kultueredukaasje, amateurkeunst en profesjonele keunst yn Fryslân. It kantoar sit oan de Wissesdwinger yn Ljouwert.
Doelstelling : Kennis sammelje en diele ûndersteuning jaan fernije
Klanten fan Keunstwurk binne it basis- en fuortset ûnderwiis, mar ek gemeenten, maatskiplike ynstellings en kulturele organisaasjes. Binnen keunst en kultuer wurdt wurke oan de dissiplines muzyk, dûns, teäter, design en byldzjende keunst.
Kategory:Keunst yn Fryslân Kategory:Kultuer yn Fryslân Kategory:Fryske stifting Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1993 Kategory:Organisaasje yn Ljouwert