thumb|175px José Vigeveno (Amsterdam 30 maaie 1891 - Kamp Westerbork, 12 novimber 1943) wie fise-konsul fan Nikaragûa en ûndernimmer.

Vigeveno wie fan joadsk komôf. Hy wie in soan fan Gabriël Vigeveno en Henriëtte Goudstikker. Yn Amsterdam hie er ek de lieding oer keunsthannel Goudstikker. Op 30 maaie 1922 boaske er yn Charlottenburg, (Dútslân) oan Ilse Benario (*Hamboarch, 1899). Geschiedenis van het Humanitarisme in Nederland. José Vigeveno

Yn 1925 wie Vigeveno ien fan de oprjochters fan de N.V. Nederlandsche Thermochemische Fabrieken (NTF) yn Amsterdam, no Rendac. Yn 1926 waard yn Sumar de earste fabryk iepene, it saneamde 'stjonkfabryk'. It wie de earste fabryk yn Nederlân foar it ferwurkjen fan kadavers.

Vigeveno stoar yn Kamp Westerbork oan in 'hertferlamming' Philip Mechanicus, In dépôt. Dagboek uit Westerbork (Amsterdam 1964) s. 198-199.

Yn Sumar is in strjitte nei him neamd.

Keppeling om utens José Vigeveno op www.joodsmonument.nl

Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk keunsthanneler Kategory:Nederlânsk diplomaat Kategory:Nederlânsk misdieslachtoffer Kategory:Holokaustslachtoffer Kategory:Persoan omkommen yn Kamp Westerbork Kategory:Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Portegeesk-Joadsk komôf Kategory:Sumar Kategory:Persoan berne yn 1891 Kategory:Persoan stoarn yn 1943