thumb|500px|Kaart fan sylfesten en dykrjochten yn Grinslân yn 1750 In sylfest is de Grinslanner foarrinner fan de hjoeddeiske wetterskippen.

De sylfesten wienen net allinnich belêste mei it ûnderhâld en tafersjoch fan de wetters, mar ek fan de wegen. De belangrykste taak wie it ûnderhâld en tafersjoch op de útwetteringssluzen (silen). It begrip sylfest slacht op de wettersteatsorganisaaje, mar ek op it gebiet dêr't it sylfest ferantwurdlik foar wie. De skou fan de silen, fearten en diken lei by de 'edele heerden' en waard útfierd troch de skepper. Yn de skouregisters waarden de nammen fan de ûnderhâldsplichtigen opnaam.

It wurd sylfest, Aldfrysk sīlfestene (1309), is gearstald út it wurd syl as 'slûs' mei it efterheaksel -veste 'jurisdiksje'. In Eastfrysk synonym is Sielacht (1437).

List fan sylfesten In oersjoch (fan west nei east). Munnikesylfest of Gerkeskleastersylfest Kommersylfest, is in gearfoeging fan: Bomstersylfest Nijesleatersylfest Homstersylfest Saaksumersylfest Aduardersylfest, dêryn is opgien: Sylfest fan Liuwerderwâlde Wetsingersylfest Houwersylfest Skouwersylfest, dêryn is opgien: Hiddingesylfest Winsumer en Skaphalster sylfest Easternijesylfest Generale Sylfest fan de Trije Delfsilen, wêrfan diel útmakken: Scharmer sylfest Slochter sylfest Dorpster sylfest, dêryn opgien: Sandtsterhamriken of Omptadasylfest Wâldsylfest Eastwâldsylfest Farmsumer sylfest Oterdumer sylfest Termunter sylfest, dêryn opgien: Sylfest Eastwâld (1558) Sylfest fan de hamriken of buitendijxter lannen Reidersylfest Tsienkarspelen sylfest, dêryn opgien: Fjouwerkarspelen sylfest Acht Sylfesten

It Munnikesylfest lei foar it meastepart yn Fryslân, it Aduardersylfest en it Nijesleatersylfest foar in part yn Drinte.

Dykrjochten In oantal dykrjochten naam de taken op him, dy't op oare plakken troch sylfesten dien waarden. Dat gou benammen foar: Dykrjocht fan Wierum en de Hege en Lege Poddepoel Dykrjocht fan Lyts Garnwert Dykrjocht fan Skilligeham en in stik fan Maarhuzen De dykrjochten fan de kadiken fan Wierhuzen, Piterbuorren en Westernieland, Den Andel, Warffum en Breede,Uskwert, Uithuizen, Zandt en de Fjouwerbuorren Dykrjocht fan Nijedyk fan Uithuizermeeden Dykrjocht fan Oosternieland of Den Hoorn Dykrjocht fan 't Zandt Dykrjocht fan de Fjouwerbuorren Dykrjocht fan Oosterwijtwerd Dykskepperij fan Holwierde en Marsum Dykrjocht fan Utwierde, Biessum en Solwert Dykrjocht fan Beerta en Finsterwolde (1571) Dykrjocht fan de Ommelander Compagnie

*