Soissons is in Frânske stêd en gemeente en leit yn it departemint Aisne en de krite Pikardje. Soissons hat in oerflakte fan 12,3 km² en telt likernôch 28.000 ynwenners (2023). Troch de gemeente streamt de rivier Aisne.
Skiednis Soissons is ien fan 'e âldste stêden fan Frankryk. Julius Caesar makket yn syn Commentarii de Bello Gallico al melding fan in Keltyske delsetting op dat plak ûnder de namme Noviodunum. Dat wie de haadstêd fan 'e Suessiones, in Gallyske stam. Uteinlik joech de befolking har oer oan Caesar, wêrnei de stêd Romeinsk waard. Yn 486 foel de stêd yn hannen fan 'e Frankyske kening Clovis, doe't dy de Romeinske fjildhear Syagrius fersloech yn 'e Slach by Soissons.
Nei de dea fan Klovis yn 511 waard Soissons haadstêd fan ien fan 'e fjouwer Frankyske keninkriken. Klotarius, ien fan 'e fjouwer soannen fan Klovis, hie syn sit dêr. Troch in kombinaasje fan diplomasy, kriichsfiering en sels it útmoardzjen fan syn famylje, slagge it Klotarius om kening fan hiel it Frankyske ryk te wurden (555). Sadwaande waard Soissons foar in skoft haadstêd fan it doetiidske Frankryk. Nei de dea fan Klotarius yn 561 rekke it ryk wer ferparte ûnder syn trije soannen. Yn 751 waard Pippyn de Koarte, de heit fan Karel de Grutte, yn Soissons ta kening fan de Franken salve.
Yn 'e Earste Wrâldkriich waard by de stêd bot fochten en foar in grut part ferwoaste.
Zie ook Greven fan Soissons
Nijsgjirrichheden de goatyske katedraal Saint-Gervais-et-Saint-Protais de goatyske abdijtsjerke Saint-Jean-des-Vignes de abdijtsjerke Saint-Léger it Place Saint-Pierre en de Église Saint-Pierre it stedhûs de oerdekte merke it Monumint foar de Deaden fan 1870. it Monumint foar de Deaden fan 'e Earste- en Twadde Wrâldkriich . it Monumint foar de Ingelsen fan de Earste Wrâldkriich.
Ofbylden
Berne yn Soissons Aurore Clément (1945), aktrise
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Plak yn Opper-Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Opper-Frankryk