Vologda (Russysk: Вологда) is in stêd yn it noarden fan Europeesk-Ruslân. It is it haadplak fan de oblast (provinsje) Vologda. De stêd leit oan de rivier de Vologda, sa'n 450 kilometer benoarden Moskou en 550 kilometer eastlik fan Sint-Petersburch.
Vologda heart ta de Russyske stêden mei in tige weardefol histoarysk erfgoed. It hat 224 histoaryske monuminten.
Ekonomy De wichtichste ekonomyske pylders binne tsjintwurdich masinebou, metaalbewurking, gemyske yndustry en hout- en papieryndustry.
Kultuer De stêd hat mear as ien teäter, bibleteken en museums; teffens in grut ferskaat oan heger ûnderwiisynstellings.
Untjouwing befolking Jier Ynwennertal Jier Ynwennertal 1825 9.699 1959 139.137 1856 14.159 1970 177.751 1897 27.705 1979 236.537 1917 69.664 1989 282.802 1926 57.976 2002 293.046 1939 95.314 2010 285.983 1897, 1926–2002 folkstellingen
Berne yn Vologda Konstantin Nikolajevitsj Batjusjkov (1787-1855), dichter Valery Aleksandrovitsj Gawrilin (1939-1999), komponist Albina Achatova, biatlete Anna Bogali-Titovets, biatlete Warlam Tichonovitsj Sjalamov (1907-1982), skriuwer
Kategory:Plak yn Vologda (oblast) Kategory:Plak stifte yn de 12e iuw