Douwe-Jorn Amels (Drachten, 16 septimber 1991) is in heechspringer út Delft. Yn 2011 waard de pakesizzer fan de skipswerf Douwe Amels, Nederlânsk kampioen heechspringen. Douwe wennet yn Delft, dêr't er in stúdzje skipsboukunde folge, mar stapte yn 2010 oer nei de Erasmus-universiteit yn Rotterdam, foar in stúdzje Rjochten.
As seisjierrige begûn er by Impala yn Drachten oan atletyk, dêr't Sierd Wijnalda him de technyk fan it springen by brocht. Yn de simmer fan 2008 sprong er foar de earste kear oer de twa meter. Nei in wike spesjale trening yn Zoetermeer gienen syn prestaasjes ynienen foarút. Mar trochdat er syn rêchspieren ferkeard brûkte hied er gauris in blessuere. Yn 2009 wie hy mei 2,07 ranglistoanfierder fan de A-junioaren, yn 2010 kaam er oant 2.15 meter. Op 14 maaie 2011 skerpe hy syn persoanlike rekord mei 3 sintimeter oan ta 2.18 meter. Hy debutearret yn juny 2011 yn it Turkske Ismir foar Oranje op it EK-lanneteams. Op 5 febrewaris 2012 sprong indoor er yn Leverkusen in persoanlik rekord fan 2.22 meter. Op it Europeeske kampioenskip yndoor yn Istanboel waard Amels Europeesk kampioen op by it heechspringen mei in sprong oer de 2.31 meter.Omrop Fryslân, 5-3-2023, Heechspringer Douwe Amels pakt Europeeske indoortitel yn Istanboel Technyk Syn trener Rini van Leeuwen neamt him in snelheidsspringer. Hy set in ein foar de latte ôf, krêftspringers sutte folle mear ûnder de latte. Troch syn springen op sûplesse kin hy op de trening folle mear sprongen meitsje as krêftspringers, soms wol achttjin.
Kategory:Frysk heechspringer Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Nederlânsk heechspringer Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1991