Rein Strikwerda (Frjentsjer, 3 juny 1930 www.eunen.eu - De Bilt, 23 oktober 2006) wie in Nederlânske ortopedysk sjirurch dy't ynternasjonale bekendheid krige troch it sekuer omskriuwen fan meniskusletsel en de fuotbalknibbel en it behanneljen fan dizze blessueres.
Hy begûn syn súksesfolle karriêre as clubarts fan de fuotbalclub Go Ahead Eagles en wie letter ûnder oare aktyf by FC Utrecht.
Strikwerda hat trije boeken oer sportgenêskunde útbrocht. Ek skreau er jierrenlang kollumns foar it tydskrift "Voetbal International" oer (de gefolgen fan) sportblessueres.
Rein Strikwerda ferstoar op 76-jierrige leeftiid.
Bibliografy Het doping probleem, 1968, Vereniging voor Sportgeneeskunde - De Haach, gjin ISBN Compendium orthopedie, 1972, útjouwerij De Tijdstroom - Lochem, ISBN 906087577X Blessuretijd, 1999, útjouwerij Rap, ISBN 9060057694
Kategory:Frysk sjirurch Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk kollumnist Kategory:Nederlânsk sjirurch Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn 1930 Kategory:Persoan stoarn yn 2006