Johannes Hendrik (Johan) Leutscher (Drachten, 26 july 1964) is in earder Frysk roeier.
Leutscher fertsjintwurdige Nederlân op ferskeidene grutte ynternasjonale wedstriden. Ienkear hat er meidien oan de Olympyske Spullen, dêr waard er njoggende yn de dûbelfjouwer sûnder stjoerman.
Hy wie yn syn aktive jierren lid fan de Utertske studintenroeiferiening Triton. En hat fjouwer kear Nederlânsk kampioen roeien west. Leutscher hat geology studearre.
De yn Drachten berne Leutscher is al gau nei Drinte ferfearn en hat dêrnei yn Itaalje, Noarwegen en Kongo-Brazzaville wenne. Hjoed de dei wennet Leutscher yn it Noarske Stavanger.
Kategory:Frysk roeier Kategory:Frysk geolooch Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Noarsk roeier Kategory:Noarsk geolooch Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Noarsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn Drachten Kategory:Persoan berne yn 1964