thumb|Belinda Meuldijk yn 2007 (foto Roel Wijnants)

Belinda Meuldijk (Oostvoorne, 7 jannewaris 1955) is in Nederlâns aktrise en tekstskriuwer.

Libben Meuldijk, dochter fan Wim Meuldijk, de skriuwer fan Pipo de Clown, waard bekend by it grutte publyk troch de rol fan Esther yn de film Soldaat van Oranje.

Yn 1979 naam se in plaatsje op titele "The Last Disco". De single waard gjin hit.

As tekstskriuwer hat hja in soad bydroegen oan it repertoire fan Rob de Nijs mei wa't sy troud wie fan 1984 oant 2005. Yn de jierren '80 en '90 wurke sy in protte gear mei komponist en arranzjeur Gerard Stellaard. Meuldijk skreau ûnder oaren De Nijs syn hits "Hou me vast" (1981), "Alles wat ademt" (1985) en "Banger hart" (1996).

Yn 1997 hie Belinda Meuldijk in rol yn de tf-soap Goede tijden, slechte tijden, mar nei in pear ôfleverings wie se al wer út de searje wei.

Meuldijk set har al jierren yn foar bisten, benammen foar Peoples Animal Welfare Society (PAWS). Sy makker dêr fjouwer films oer dy't troch de TROS útstjoerd waarden. By de Europeeske ferkiezingen yn 2004 en de Twadde Keamerferkiezingen fan 2006 wie hja listtriuwer fan de list fan de Partij voor de Dieren.

Filmografy Pipo en het grachtengeheim (1975) Volk en vaderliefde (1976) Soldaat van Oranje (1977) Het beste deel (1978) Pipo in West-Best (1980) Goede tijden, slechte tijden (1997)

Bibliografy Mooie mensen Overleven Beestenweer Alle Dierenverhalen Een groot hart Een zwart paard De zomer van de blauwe meisjes Papa Pipo De Wereld volgens Yoshi yn 'e mande mei Yoshi de Nijs Een hondje uit Spanje Hou me vast

Keppeling om utens Offisjele webside Belinda Meuldijk

Kategory:Nederlânsk lietsjeskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk dokumintêremakker Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk polityk aktivist Kategory:Bisterjochte-aktivist Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:PvdD-politikus Kategory:Nederlânsk natoerbeskermer Kategory:Playboy Playmate Kategory:Persoan berne yn 1955