Willem Hardorff (Ljouwert, 8 maart 1815 – Ljouwert, 24 septimber 1899) wie in oargelbouwer.

Wurkpaad Willem Hardorff wie de soan fan boekbiner Hans Hardorff en de pakesizzer fan Matthijs Hanssen Hardorff (1747-1802), dy't grutfeint wie fan de bekende oargelbouwer Albertus Antoni Hinsz. Willem Hardorff krige ûnderrjocht fan Van Dam. Yn 1843 nimt er de oargelmakkerij fan Wilhelmus van Gruisen (1788-1843) oer. Hy makke en ûnderhâlde oargels foar tsjerken yn fral Fryslân. Willem Hardorff hie ek learlingen, ûnder oaren de oargelbouwers Fokke Bakker en Arjen Timmenga fan Bakker & Timmenga. Yn 1880 ferkocht er it bedriuw oan Johan Frederik Kruse.

Oargels fan Hardorff (kar-út) thumb|Oargel yn de tsjerke fan Menaam Plak Tsjerke JierBaaiumHerfoarme tsjerke1860BritsumHerfoarme tsjerke1862DeinumHerfoarme tsjerke1865IensHerfoarme tsjerke1860EalahuzenHerfoarme tsjerke1865FrjentsjerGrifformearde tsjerke1854GauHerfoarme tsjerke1862HantumSint-Martinustsjerke1876YsbrechtumHerfoarme tsjerke1867ItensHerfoarme tsjerke1876KimswertHerfoarme tsjerke1858KûbaardHerfoarme tsjerke1856MenaamHerfoarme tsjerke1861EastereinMartinytsjerke1870EasterlittensHerfoarme tsjerke1867AldskoatSkoattertsjerke1871WânswertPetrustsjerke1877WinsumHerfoarme tsjerke1875

Kategory:Frysk oargelbouwer Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1815 Kategory:Persoan stoarn yn 1899