Perth is de haadstêd fan de Australyske dielsteat West-Austraalje. It is in metropoal mei in protte rânestêden en -gemeenten. Perth self hie 1.554.769 ynwenners yn 2007. Perth leit oan de westkust fan Austraalje oan de Yndyske Oseaan, oan de mûning fan de rivier de Swan. De stêd wurdt rekkene ta de stêden yn de wrâld dêr't tige goed wenjen en wurkjen is.

De stêd leit fier fan oare befolkingsintrums ôf. It spoar, de Trans-Australian Railway, ferbynt Perth mei Adelaide, in grutte stêd dy't op in ôfstân fan 2800 kilometer it tichtst by leit.

De earste delsetting waard yn 1829 stifte troch kaptein James Stirling. It waard it bestjoersintrum fan Swanrivier Koloanje.

Yn Perth binne de fabriken fan twa Australyske automerken festige. Teffens hat Perth twa Australyske Football-teams.

Berne yn Perth John Winter (3 desimber 1924), heechspringer Stan Lazaridis (16 augustus 1972), fuotballer Tim Minchin (7 oktober 1975), komyk Michael Petković (16 july 1976), fuotballer Heath Ledger (4 april 1979), akteur Kym Howe, (12 april 1980), atlete Ryan Bayley (9 maart 1982), baanhurdfytser John Steffensen (30 augustus 1982), sprinter Sally Foster (13 april 1985), swimster Eamon Sullivan (30 augustus 1985), swimmer Gemma Ward (3 novimber 1987), fotomodel Daniel Ricciardo (1 july 1989), autokûreur Tommaso D'Orsogna (29 desimber 1990), swimmer Blair Evans (3 april 1991), swimster

Gallery

Kategory:Plak yn West-Austraalje Kategory:Plak stifte yn 1829