thumb|250px|Adema-oargel út 1933 yn de Sint-Jozeftsjerke te Hillegom thumb|250px|Atelier fan Adema yn Hillegom, 2008 Adema's Tsjerke-oargelbou is in bedriuw dat tsjerke-oargels bout en dat yn 1855 yn Ljouwert ûntstien is.
Ljouwert De oargelmakkerij waard mei úteinset troch de bruorren Carolus Borromeus Adema (1824-1905) en Petrus Josephus Adema (1828-1919). In tredde broer, Johannes Romanus Adema (1834-1862), wurke ek mei. In fjirde, Epko Adema, boude de kasten en ek de fyfde broer, de boukundige Adrianus Adema (1825-1870), holp wol mei. Beide bruorren krigen har oplieding by firma's lykas Van Dam yn Ljouwert, Willem Hardorff yn Ljouwert, Bätz & Witte yn Utert en Loret.
Yn dy tiid waarden de folgjende oargels boud: 1856 - Leimuiden, R.K. tsjerke. 1858 - Sint-Nyk, R.K. tsjerke. Fan 1928 - 1966 hat it ynstrumint yn de Herfoarme tsjerke fan Oost-Knollendam stien. Nei sluting fan dy tsjerke waard it yn 1966 nei restauraasje oerbrocht nei de Goede Herdertsjerke yn Terneuzen. 1862 - Nes (ferdwûn) 1863 - Wolvegea, RK tserke (grutste part ferdwûn) 1863 - Wergea - Doopsgesinde tsjerke 1866 - Ljouwert, Sint-Dominicustsjerke 1867 - It Hearrenfean, Hillige-Geasttsjerke 1869 - Aldehaske, Herfoarme tsjerke
Ljouwert en Amsterdam Nei't sa benammen yn Fryslân oargels boud wienen, gongen de Adema's no ek yn Amsterdam oan 't wurk, fanwegen in grutte opdracht foar de Mozes en Aärontsjerke. De folgjende oargels waarden boud: 1871 - Amsterdam, Mozes & Aarontsjerke, offisjele namme: de H. Antonius fan Padua 1871 - Valkkoog, Herfoarme tsjerke 1872 - Ferwert, Herfoarme tsjerke 1872 - Grou, Doopsgesinde tsjerke 1872 - Feanhuzen, R.K.tsjerke 1873 - Egmond oan See, Ald-katolike tsjerke 1873 - Sleat, Doopsgesinde tsjerke 1874 - Oudkarspel, Herfoarme Sint-Maartenstsjerke 1874 - Amsterdam, Sint-Piusgesticht 1875 - Dearsum, Nikolaastsjerke 1876 - Bodegraven, Luterske tsjerke 1876 - Amsterdam, Sint-Jakobsgesticht 1877 - Stedskanaal, R.K. tsjerke 1877 - Almkerk, Herfoarme tsjerke
Ljouwert Yn 1877 waard it bedriuw spjalte. It bedriuw yn Ljouwert bleau bestean ûnder lieding fan Carolus Borromeus en letter dy syn soannen Lambertus Theodorus Adema (1864- 1931) en Sybrandus Johannes Adema (1863-1941). Sy namen it bedriuw yn 1905 oer. Yn 1941 waard it opheft. De neifolgjende oargels waarden dêr makke:
1888 - Oude Pekela, RK-tsjerke 1890 - Lollum, Grifformearde tsjerke 1899 - Ljouwert, Sint-Bonifatiustsjerke 1910 - Balk, Sint-Ludgerustsjerke 1911 - Wergea, Sint-Martinustsjerke 1923 - Bakhuzen, Sint-Odulfustsjerke 1926 - Jirnsum, Sint-Markustsjerke 1933 - It Hearrenfean, Hillige Geasttsjerke
Amsterdam Yn Amsterdam gie Petrus Josephus fierder, letter yn 'e mande mei en opfolge troch syn soannen. Oant 1984 wie dat bedriuw oan de Lauriergreft fêstige. Harren oargels:
1876 - Amsterdam, it Hûs Jacob 1877 - Voorhout, Seminary Hageveld 1878 - Ommen, R.K. tsjerke 1880 - Wagenberg, Sint-Gummarustsjerke 1885 - Kaatsheuvel, Hefroarme tsjerke 1885 - Warkum, Sint-Werenfridustsjerke 1888 - Frjentsjer, Sint-Franciscustsjerke 1890 - Amsterdam, Hillige Willibrord bûten de Veste. 1891 - Haarlim, Us-Leaf-Frou fan de Roazekrânstsjerke (Spaarnetsjerke) 1893 - Nes oan de Amstel, Sint-Urbanustsjerke 1898 - Harns, Sint-Michaelstsjerke 1898 - Zwaagdijk-East, Sint-Joseftsjerke 1899 - Pijnacker, Hillige Joannes de Dopertsjerke 1898 - Uitgeest - Us-Leaf-Frou Bertetsjerke 1900 - Kwintsheul, Sint-Andreastsjerke 1901 - Wateringen, Sint-Jan de Dopertsjerke 1901 - IJmuiden, Sint-Georgiustsjerke 1902 - Gouda, Us-Leaf-Froutsjerke 1903 - Amsterdam, Sint-Dominikustsjerke 1904 - Amsterdam, De Krijtberg 1904 - Weesp, Protestantenbûn 1904 - Amsterdam, Us-Leaf-Frou Gasthûs 1905 - Amsterdam, Vondeltsjerke 1906 - Haarlim, Sint-Joseftsjerke 1906 - Amsterdam, Hubertuskapel 1907 - Haarlim, Katedrale Basilyk Sint Bavo, transeptoargel 1912 - Swol, Dominikanentsjerke 1913 - Haarlim, Sint-Antoniuskerk aan de Groenmarkt 1914 - Lisse, Sint-Agatatsjerke
Ek Sybrand Adema en Joseph Adema wurken dêr (1877-1943)
Fan Sybrand binne de oargels: 1916 - Amsterdam, Sint-Annatsjerke 1923 - Amsterdam, De Liefde 1926 - Amsterdam, Sint-Augustinustsjerke
Fan Joseph binne de oargels: 1923 - Amsterdam, De Duif 1924 - Haarlim, Katedrale Basilyk Sint Bavo, ôfbou transeptoargel 1925 - Amsterdam, Sint-Vincentius a Paolotsjerke 1927 - Swol, Sint-Michaeltsjerke 1933 - Hillegom, Sint-Joseftsjerke 1934 - Hilfertsom, Hillich-Herttsjerke 1935 - Wateringen, Sint-Jan de Dopertsjerke 1936 - Amsterdam, Sint-Pankratiustsjerke
Nei't Joseph Adema stoarn wie waard de lieding fan it bedriuw fuortset troch syn neef, Hubert Schreurs, en waarden de folgjende oargels boud: 1944 - Grins, Sint-Josefkatedraal, koaroargel 1951 - Westervoort, Sint-Werenfridustsjerke 1957 - Amsterdam, Martelders fan Gorcumtsjerke 1957 - Bloemendaal, Kleaster Bethanie 1960 - Den Haach, Tomaskleaster 1960 - Stienwikerwâld, stúdzjesintrum Geldringen 1961 - Zevenaar, Sikenynrjochting foar de Liemers 1961 - Amsterdam, Us-Leaf-Frou fan Lourdestsjerke 1963 - Amsterdam, Hillige Pius X tsjerke 1964 - Amsterdam, Pedagogyske Akademy Magister Vocat 1964 - Haarlim, Sint-Jan de Dopertsjerke 1965 - Amsterdam, Us-Leaf-Frou fan Sân Smertentsjerke 1965 - Rotterdam, Tsjerke fan de Hillige Krúsfining 1970 - Amsterdam, Ferpleechhûs Vreugdehof 1970 - Heeswijk, Abdij fan Berne 1974 - Oudkarspel, Allemanstsjerke
Hubert Schreurs stoar yn 1981 en syn soan Antoine Schreurs gie mei it bedriuw fierder. Njonken in protte restauraasjes waard in nij oargel boud: 1984 - Bodegraven, Sint-Willibrordustsjerke
Fan 2002 ôf waard it bedriuw fuortset troch in meiwurker, Ronald van Baekel. Yn 2003 ferhuze it bedriuw nei Hillegom en fuortset ûnder de namme: Adema's Kerkorgelbouw, mar de famyljebân mei de Adema's wie doe ferbrutsen. Neist restauraasjes waard nij boud: 2002 - Laren, Sint-Jansbasilyk
Keppeling om utens Offisjele webside
Kategory:Nederlânsk oargelbouwer (bedriuw) Kategory:Frysk bedriuw Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1855 Kategory:Bedriuw yn Ljouwert