Lansing is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Michigan en hat 114.297 ynwenners (2010). De agglomeraasje Lansing hat 464.036 ynwenners (2010). Lansing leit tusken Chicago en Detroit tusken de Grutte Marren. De stêd docht Europeesk oan en hat de bêst oplate befolking fan de FS en in grut tal opliedingsintrums. De stêd hat ek in universiteit, de Michigan State University.

Demografy Fan de befolking is 9,7 % âlder as 65 jier en bestiet foar 33,2 % út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens bedraacht 3,3 % (sifers folkstelling 2000).

Sawat 10 % fan de befolking fan Lansing bestiet út Latino's, 21,9 % is fan Afrikaanske oarsprong en 2,8 % fan Aziatyske oarsprong.

It tal ynwenners gie nei ûnderen fan 126.932 yn 1990 nei 119.128 yn 2000.

Klimaat Yn jannewaris is de trochsneed temperatuer -6,2 °C, yn july is dat 21,6 °C. Alle jierren falt der yn trochsneed 777,7 mm delslach (gegevens op basis fan de mjitperioade 1961-1990).

Berne yn Lansing Burt Reynolds (1936-2018), akteur John Hughes (1950-2009), regisseur, filmprodusint en senarioskriuwer Steven Seagal (1952), akteur Magic Johnson (1959), basketballer Josh Lambo (1990), fuotballer Ahney Her (1992), aktrise

Keppelings om utens

Capital Area Transportation Authority (CATA) City of Lansing Official Website Lansing Webpage at InfoMi

Kategory:Plak yn Michigan Kategory:Plak stifte yn 1835