Mauthausen-Gusen wie in konsintraasjekamp yn de Twadde Wrâldkriich, wêrfan't it haadkamp tichteby it Eastenrykske plak Mauthausen lei. Mauthausen-Gusen bestie út it haadkamp Mauthausen (likernôch 20 kilometer eastlik fan Linz yn Opper-Eastenryk) en in groep fan hast 100 subkampen yn hiel Eastenryk en Súd-Dútslân. De trije Gusen-kampen leine in pear kilometer fan Mauthausen ôf yn de omjouwing fan St Georgen-Gusen. Bytiden wie it tal finzenen yn de Gusen-kampen noch heger as yn it haadkamp sels.

It kamp Mauthausen funksjonearre sûnt de Anschluss op 8 augustus 1938, doe't Eastenryk ûnderdiel waard fan it Tredde Ryk, oant 5 maaie 1945, de offisjele ein fan de Twadde Wrâldkriich. Yn de rin fan de tiid waard it kamp yn Mauthausen útwreide mei subkampen en yn 1940 hearde it Mauthausen-kompleks ta ien fan de grutste konsintraasjekampsystemen fan Nazy-Dútslân. De finzenen waarden twongen om hurd te wurkjen ûnder omstannichheden dy't foar in soad ta in wisse dea laten. Yn Mauthausen leine stiengroeves, fabriken foar it meitsjen fan munysje, minen, wapenfabriken en fleantúchfabrieken. Yn jannewaris 1945 wennen yn de kampen likernôch 85.000 finzenen. Hoefolle minsken it libben lieten yn de kampen is net bekend, mar de measte rûzings hâlde it op 122.766 oant 320.000 foar it hiele kompleks.

Mauthausen wie ien fan de earste grutte kampen fan it Tredde Ryk en it wie it lêste kamp dat befrijd waard. De twa grutste kampen, Mauthausen en Gusen I, wiene ûnder Stufe III yndield, dat wol sizze dat it de strangste kampen wiene foar de "ûnferbetterlike fijannen fan it Ryk". Yn de burelen fan it Reichssicherheitshauptamt krige it dan ek de bynamme Knochenmühle ("Bonkemûne").

Oars as oare konsintraasjekampen wie Mauthausen benammen ornearre foar it troch twangarbeid útroegjen fan de yntelliginsia en de boppelaach fan de yn de Twadde Wrâldkriich besette lannen. Tsjintwurdich is Mauthausen in museum.

Stifting Mauthausen Op 9 augustus 1938 waarden finzenen fan it konsintraasjekamp Dachau by München nei Mauthausen yn Eastenryk fierd, om dêr in begjin te meitsjen oan de bou fan in nij wurkkamp. It plak wie keazen fanwegen de groeve dy't deunby lei en de gaadlike lizzing by it plak Linz. Alhoewol't it kamp fan it begjin ôf oan ûnder it behear fan de Dútske steat foel, waard it troch in partikulier bedriuw stifte as in ekonomysk bedriuw. De eigner fan de groeve Wienergraben wie in saneamd DEST-bedriuw, in akronym foar de Deutsche Erd– und Steinwerke GmbH. It hierde de stiengroeves fan de gemeente Wenen en sette útein mei de bou fan it kamp Mauthausen. In jier letter joech DEST de opdracht om ek it earste kamp by Gusen oan te lizzen.

It granyt dat dêr wûn waard wie earder brûkt foar it oanlizzen fan strjitten yn Wenen, mar foar de plannen om neffens ûntwerpen fan Albert Speer de grutte Dútske stêden te rekonstruearjen hiene de nazy's in soad granyt nedich. It finansierjen foar de oanlis fan Mauthausen koe mei lieningen fan de Dresdner Bank, it Dútske Reade Krús en it saneamde Reinthardt's Fûns (jild dat stellen wie fan de finzenen sels) dutsen wurde.

Ynearsten wie Mauthausen as konsintraasjekamp foar gewoane kriminelen, huorren en oare kategoryen fan "Unferbetterlike Wetsoertreders" ornearre, mar op 8 maaie 1939 waard Mauthausen yn in wurkkamp omset, dat benammen brûkt waard foar it finzen setten fan politike tsjinstanners. thumb|200px|left|Loftfoto Gusen I and II Gusen De Gusen-kampen wiene trije ferskate konsintraasjekampen yn it distrikt Perg fan Opper-Eastenryk:

Gusen I by it plak Gusen yn de gemeente Langenstein Gusen II by it plak St Georgen yn de gemeente St Georgen-Gusen Gusen III by it plak Lungitz yn de gemeente Katsdorf

Yn de trije kampen waarden in grut part finzenen fan it Mauthausen-Gusen kompleks ûnderbrocht, dat bytiden it tal finzenen fan it haadkamp Mauthausen oertrof. thumb|250px|Wiener Graben Yn maaie 1938 sette DEST útein mei it krijen fan grûn yn St Georgen-Gusen en yn 1938 en 1939 marsjearden kolonnes finzenen út Mauthausen alle dagen nei de stiengatten fan St Georgen-Gusen, dy't wichtiger en produktiver wiene foar DEST as dy fan Wiener Graben. Nei de Dútske oanfal op Poalen yn septimber 1939 rekke Mauthausen oerbefolke troch de oanfier fan nije finzenen út Poalen. Yn dy tiid waard in nij kamp by Gusen oanlein foar de Poalen, likernôch 4,5 kilometer fierder. It nije kamp, dat bekend waard ûnder Gusen I, waard yn maaie 1940 yn gebrûk nommen. De earste finzenen waarden yn april 1940 yn in pear barakken ûnderbrocht, wylst it earste transport finzenen, foaral út de kampen Dachau en Sachsenhausen, in moanne letter op 25 maaie arrivearre.

Lykas yn Mauthausen ferhierde de Gusen-kampen ek finzenen oan lokale bedriuwen om slavewurk te dwaan. Yn oktober 1941 waarden ferskate barakken yn it Gusen-kamp mei stikeltrie ôfset foar it ynrjochtsjen fan in apart wurkkamp foar kriichsfinzenen (Dútsk: Kriegsgefangenenarbeitslager). Yn it kamp waarden in soad Sovjet-ofsieren finzen set.

Yn 1942 waard Gusen fergrutte foar in sintraal depot fan de SS, om dêr saken dy't yn beslach nommen waarden yn de besette gebieten te sortearjen en te ferdielen oer Dútslân. Om't jimmeroan mear Eastenrikers oproppen waarden foar tsjinst yn de Wehrmacht waard de fraach fan bedriuwen nei nije wurkkrêften ek hieltiten grutter. It SS-depot waard yn maart 1944 omset yn in nij subkamp, Gusen II, dat oant de ein fan de kriich tsjinne as in improvisearre konsintraasjekamp wêr't sels de meast basale fasiliteiten ûntbrieken. Yn desimber 1944 waard it kamp Gusen III by Lungitz iepene. Ek al naam it tal kampen ta, it koe net ferhelpe dat de barakken fan de kampen jimmeroan foller waarden en fan 1940 oant 1944 naam it tal finzenen op ien bêd ta fan ien nei fjouwer.

Kampsysteem thumb|left|250px|Satellytbyld fan Eastenryk mei in tal subkampen fan Mauthausen Alhoewol't de kampen fan Gusen en Mauthausen ynearsten foaral ynsetten waarden foar de lokale groeves, waarden se fanôf 1942 ek ûnderdiel fan de Dútske kriichsyndustry. Foar it jimmeroan oanwaaksjende tal slaven moasten nije subkampen (Dútsk: Außenlager) fan Mauthausen byboud wurde. Tsjin de ein fan de kriich foelen al 101 kampen ûnder Mauthausen, wêrfan 49 grutte subkampen, ferspraat oer hiel Eastenryk. Ofhinklik fan de funskje waarden kampen yn ferskate kategoryen ferdield: produksjekampen foar fabrykswurkers, saneamde Baulager foar bouwurksumheden, Aufräumlager foar it opromjen fan pún yn de troch de Alliearden bombardearre stêden en Kleinlager foar finzenen dy't spesjaal foar SS-ers wurkje moasten. thumb|200px|Kommandant Franz Ziereis De kommandant fan Mauthausen wie ynearsten Albert Sauer, dy't dy posysje fan 1 augustus oant 1 april 1939 offisjeel beklaaide. Sûnt mids febrewaris 1939 wie Franz Ziereis kampkommandant. Ziereis bleau oant de opheffing yn 1945 kommandant fan Mauthausen.

De produksje fan Mauthausen en de subkampen oertrof dy fan elk fan de fiif oer grutte wurkkampen: Auschwitz-Birkenau, Flossenbürg, Groß-Rosen, Marburg en Natzweiler-Struthof; sawol wat de produksjekwota as de winst oanbelanget. De list fan bedriuwen dy't gebrûk makken fan twangarbeiders út Mauthausen en de subkampen wie lang mei grutte nasjonale bedriuwen, mar ek lytsere en lokale bedriuwen en gemeentes. Guon dielen fan de groeves waarden omset yn in fabryk, dêr't Mauserpistoalen makke waarden. Yn 1943 waard yn Gusen in ûndergrûnske fabryk foar Steyr-Daimler-Puch boud. Meiïnoar makken 45 gruttere bedriuwen fan Mauthausen en de subkampen ien fan de meast winstjaande konstrintraasjekampen fan Nazy-Dútslân mei allinne al in winst fan 11.000.000 Ryksmark yn 1944.

Finzenen waarden ek as slaven ferhierd oan lokale buorkerijen, foar it oanlizzen fan diken, it reparearjen fan de iggen fan de Donau en de bou fan wenten yn Sankt Georgen of it bleatlizzen fan argeologyske lokaasjes yn Spielberg.

Doe't de Alliearden in begjin makke mei it strategysk bombardearjen fan de Dútske kriichsyndustry, besletten de nazy's om de produksje ûndergrûnsk te ferlizzen. Yn Gusen I krigen de twangarbeiders opdracht om in tal grutte tunnels ûnder de heuvels om it kamp hinne te graven. De kodenamme fan dy operaasje wie Kellerbau. Tsjin it ein fan de kriich hiene de twangarbeiders 29.400 m² útgroeven om in wapenfabryk yn ûnder te bringen. Yn jannewaris 1944 waarden ûnder de kodenamme Bergkristall troch de finzenen fan Gusen II ek sokke tunnels boud ûnder it doarp Sankt Georgen om yn de likernôch 50.000 m² grutte romte jachtfleantugen en rakketten fan Messerschmitt en oar kriichmaterjaal te produsearjen. Oan it ein fan 1944 wurken yn Gusen I en Gusen II likernôch 11.000 finzenen ûndergrûnsk, wylst nochris 6.500 minsken wurken oan de fierdere útwreiding fan it netwurk fan tunnels en romten. Alle moannen koene der yn 1945 1.250 fleantugen ôflevere wurde en dêrmei wie it nei de (ek ûndergrûnske) fabryk fan Mittelbau-Dora de grutste fleantúchfabryk fan Dútslân.

Finzenen thumb|250px|Finzenen wachtsje by oankomst op de desynfeksje Oant teminsten 1942 waarden benammen politike en ideologyske tsjinstanners fan de nazy's nei Mauthausen stjoerd. It kamp tsjinne de Dútske kriichsmasjine en liet de minsken wurkje oant se stoaren. As finzenen folslein oanein wiene nei 12 oeren bealgjen yn de groeve, of as hja te siik wiene om noch te wurken, waarden se oerbrocht nei de sikenbarakken. Ynearsten hie it kamp net in eigen gaskeamer. De saneamde Muselmänner, finzenen dy't hielendal útrûpele wiene, waarden dan brocht nei oare kampen om se te deadzjen (meastentiids it Hartheim Eutanasy Sintrum, dat likernôch 40 kilometer fierder lei) of mei in ynjeksje fermoarde en dêrnei yn it kamp kremearre. Dat waard lykwols te djoer fanwegen de tanimmende oanwaaks fan nije finzenen en fanôf 1940 krige Mauthausen in eigen gaskeamer. Yn it begjin ried in mobile gaskeamer yn de foarm fan in frachtwein mei in útlaat dy't nei binnen gyng Mauthausen en Gusen op en del. Doe't de gaskeamer klear wie koene der 120 finzenen yn ien kear fergasse wurde.

Oant it begjin fan 1940 bestie de grutste groep finzenen út Dútske, Easterrykske en Tsjechoslowaakske sosjalisten, kommunisten, homoseksuelen en sigeuners. Op grûn fan leauwe waarden de Jehova's tsjûgen nei Mauthausen stjoerd, om't hja wegeren trou oan Hitler te swarren en net tsjinje woene yn de Wehrmacht. Yn it earste diel fan 1940 bestie de oanwaaks fan de finzenen benammen út Poalen. De earste groepen wiene artiesten, wittenskippers, leararen en professoaren, minsken út de boppelaach dy't yn it ramt fan de Interlligenzaktion en AB Action arrestearre wiene. Kamp Gusen II waard troch de nazy's Vernichtungslager für die polnische Intelligenz neamd.

Letter yn de kriich koene de finzenen út alle kategoryen bestean, mar it wie wol sa dat minsken mei in oplieding en politike finzenen altiten oant yn it ein fan de kriich it grutste part fan de kampbefolking útmakke ha. Ek waarden grutte groepen Spaanske republikeinen nei Mauthausen en de subkampen deportearre. In soad fan harren wiene soldaten of aktivisten dy't foar Franco flechte wiene en troch de Dútsers finzen nommen waarden nei't Frankryk kapitulearre yn 1940 of troch de autoriteiten fan Vichy oerdroegen waarden oan de Dútsers. De measte minsken fan dy groepen arrivearren yn jannewaris yn 1941 yn Gusen. Hast alle Poalen en Spanjaarden waarden oan it begjin fan 1941 fan Mauthausen nei Gusen oerbrocht. Doe't Dútslân de Sovjet-Uny binnenfoel waard de kampbefolking oanfolle mei grutte tallen Russyske kriichsfinzenen, dy't yn aparte barakken fan de rest fan it kamp ôfsûndere waarden. De kriichsfinzenen út de Sovjet-Uny hearden ta de earste groepen dy't yn de nije gaskeamer yn 1942 fergast waarden. Yn 1944 arrivearre der ek in grutte groep Hongaarske en Nederlânske joaden, meiïnoar likernôch 8.000 minsken. Lykas by de oare groepen fûnen ek hja de dea troch de slavewurk en strieminne omstannichheden of in oare opsetlike wize fan fermoardzjen.