thumb|Shania Twain nimt in Juno Award yn ûntfangst, yn maart 2011. Shania Twain, skûlnamme fan Eilleen Regina Edwards, (Windsor, Ontario, Kanada, 28 augustus 1965) is in Kanadeesk countrysjongster en skriuwster. Waard bekend yn midden njoggentiger jierren mei har album The Woman in Me (1995), en krige wrâldwiid súkses yn 1997 mei Come On Over, dat op de list kaam mei best ferkeapjende froulike countrysjongster ea.
Wûn fiif kear in Grammy Award winner, en makke namme as songwriter mei 27 prizen. Yn maaie 2011 krige hja in eigen rige Why Not? with Shania Twain en krige in stjer op de Hollywood Walk yn juny 2011.
Diskografy Albums 1993: Shania Twain 1995: The Woman in Me 1997: Come On Over 2002: Up! 2017: Now 2023: Queen of Me Kompilaasjes 2001: The Complete Limelight Sessions 2004: Greatest Hits
Boek Yn 'e maitiid fan 2011 joech útjouwer Atria Books in biografy oer Twain út. Under oaren har drege jonkheid, har trochbrekken yn de myzykyndustry en de skieding fan har man wurde dêryn behannele.
Ferskaat Op 12 novimber 2004 wie Twain yn Nederlân om de earste stien om te smiten by Domino Day. De Groninger sjonger en trucksjauffeur Henk Wijngaard is in omke fan Shania Twain.Henk Wijngaard: Shania Twain is mijn nichtje, 31 augustus 2016 RTV Noord
Kategory:Kanadeesk sjonger Kategory:Kanadeesk country-artyst Kategory:Kanadeesk lietsjeskriuwer Kategory:Grammy-winner Kategory:Kanadeesk muzikant fan Yndiaansk komôf Kategory:Persoan fan Kry-komôf Kategory:Kanadeesk persoan fan Iersk komôf Kategory:Kanadeesk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Kanadeesk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1965