thumb|left|Lizzing Douglas op it eilân Man

Douglas (Manksk: Doolish) is de haadstêd fan it eilân Man (Ingelsk: Isle of Man, Manksk: Ellan Vannin) en is teffens de grutste stêd op it eilân. It plak leit oan de eastkust en oan de rivier Douglas.

Gelearden binne it der oer iens dat de namme Douglas fan it Keltyske Duboglassio komt, dat betsjut 'swarte rivier'.

Douglas is it meast wichtige sintrum op Man wat saken, finânsjen, ferfier, bestjoer en ferdivedaasje oanbelanget.

Yn de stêd wennet sa'n 32% fan de befolking fan Man.

Berne yn Douglas Mark Cavendish (1985), hurdfytser Robin Gibb (1949), sjonger Maurice Gibb (1949, sjonger (†2003)

Kategory:Plak op Man Kategory:Haadstêd yn Jeropa Kategory:Haadstêd fan in Britsk oerseesk gebietsdiel