Aenjewier (Nederlânsk en offisjeel: Aengwirden of Engwirden), ek wol Eingewier of de lytse gritenij neamd, is in eardere gemeente yn it súdeasten fan Fryslân. Dizze gemeente besloech in oerflak fan 40,64 km², en hie op 31 desimber 1930 4.723 ynwenners.Bevolking der Gemeenten van Nederland op 31 December 1930, Volgens de Definitieve Uitkomsten der Elfde Algemeene Volkstelling, De Haach, 1931.
Skiednis De gritenij Aenjewier waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke. By de gemeentlike weryndieling fan 1934 is Aenjewier in part wurden fan de nije gemeente it Hearrenfean. Reden hjirta wie dat it Hearrenfean op de grins fan Aenjewier en Skoatterlân lei.
Plakken It haadplak wie Tsjalbert,, Streekvlag nieuw begin voor Aengwirden, yn: de Ljouwerter Krante, 9 april 1998, s. 23. en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Gersleat, Lúnbert, Terbant en in lyts diel fan It Hearrenfean. Fierders hearden ek de buorskippen Aldeweisterfeart, Terbantster Skâns en Uterbuorren ta Aenjewier.
Sjoch ek List fan grytmannen fan Aenjewier List fan boargemasters fan Aenjewier
Kategory:Sânwâlden Kategory:It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Eardere gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1934