De kat (wittenskiplike namme: Felis catus; foarh. Felis silvestris catus) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae), de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae) en it skaai fan 'e wylde katten (Felis). Ta ûnderskie fan 'e wylde kat (Catus silvestris) wurdt dit bist ek wol de hûskat of húskat of de nuete kat neamd. It mantsje is yn it Frysk in boarre en it wyfke in poes. In jong is in jongkatsje, hoewol't it Ingelske lienwurd kitten hieltyd mear ynboargere rekket. De kat is ien fan wrâlds âldste húsdieren, dy't al hast 10.000 jier lang mei de minske oplûkt. Katten binne karnivoare rôfdieren, dy't fan natuere benammen nachts aktyf binne.

Foarhinne waarden katten faak ynset om lytse kjifdieren by minsklike itensfoarrieden wei te hâlden ("mûzjen"), mar tsjintwurdich hawwe se ornaris de funksje fan selskipsdier. As sadanich hawwe se in kosmopolityske fersprieding berikt. Troch mei de bisten te fokken binne der in soad ferskillende katterassen ûntstien. Wat domestisearring oangiet, komt de kat foar yn trije typen: it echte húsdier, de healwylde boerekat en de ferwyldere kat, dy't foar minsken alhiel net te benaderjen is. Ferwyldere katten kinne yn 'e natoer in protte skea oanrjochtsje, benammen yn gebieten dêr't se net thúshearre, lykas Austraalje, Nij-Seelân en de eilannen fan Oseaanje. Anno 2021 wiene der wrâldwiid nei skatting 700 miljoen katten, wêrmei't dit bist it op ien nei populêrste húsdier is, nei de hûn (wêrfan't der 900 miljoen wiene). Yn Nederlân libben yn 2025 3–4 miljoen katten.

Etymology Der wurdt wol ornearre dat it Ingelske wurd cat (yn it Aldingelsk skreaun as catt), etymologysk in hiel ier lienwurd is op basis fan it Latynske cattus. De Latynske foarm is sels fan it begjin fan 'e sechsde iuw ôf oerlevere. As dy etymology foar it Ingelske cat kloppet, dan moat dat ek jilde foar it Fryske wurd "kat",dat dúdlik nau besibbe is oan syn Ingelske wjergader. It Latynske wurd soe sels ôfkomstich wêze kinne út in noch net identifisearre Afrikaanske taal. It Nubyske wurd kaddîska en it Nobiin-wurd kadīs (beide mei de betsjutting "wylde kat") soene de oarsprong fan it Latynske wurd wêze kinne.

In alternative teory wol hawwe dat cat en "kat" eins moderne foarmen fan in âld Germaansk wurd binne. Dat soe oan 'e ein fan 'e Aldheid en it begjin fan 'e Midsiuwen (om 500 hinne) as lienwurd it Latyn binnenkrongen wêze en him dêrútwei letter ferspraat hawwe nei it Gryksk, Syrysk en Arabysk. Uteinlik soe it yn it Germaansk ek wer in lienwurd wêze kinne út 'e Oeralyske talen; ferlykje it Samyske gáđfi ("wyfkesharmeling"), dat komt it it Proto-Oeralyske *käďwä ("wyfkessûchdier").

Taksonomy De kat waard foar it earst yn 1758 wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus foar de baanbrekkende tsiende edysje fan syn magnum opus, de Systema Naturæ. Hy joech it bist de wittenskiplike namme Felis catus. De Dútske soölooch Johann Christian Polycarp Erxleben woe dêr yn 1777 Felis domesticus of Felis catus domesticus fan meitsje, mar dat sloech net oan.

Yn 'e tweintichste iuw waard de kat lange tiid as in ûndersoarte fan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris) sjoen en dêrom oantsjut mei de wittenskiplike namme Felis silvestris catus. Mar yn 2003 besliste de Ynternasjonale Kommisje foar Soölogyske Nomenklatuer (ICZN) dat de kat in selsstannige soarte is, dat sadwaande hjit er tsjintwurdich wer Felis catus. Dat beslút waard yn 2017 befêstige troch de gesachhawwende Taakgroep oangeande Kateftigen fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN), dy't dat jiers de taksonomyske klassifikaasje fan alle kateftigen nochris tsjin it ljocht hold.

Evolúsje Mei't de kat in húsdier is, hat de ûntjouwing fan dit bist ta in selsstannige soarte gjin natuerlik ferrin hân. Om it oars te sizzen: de hjoeddeistige kat is net it gefolch fan in natuerlik proses fan evolúsje, mar fan fokken troch minsken. Neffens ûndersyk nei it nukleêr DNA fan alle ûnderskate soarten út it skaai fan 'e wylde katten (Felis) soe de kat it naust besibbe wêze oan 'e Jeropeeske wylde kat (Felis silvestris). Mar ûndersyk nei it mitogondriaal DNA fan 'e bisten hat útwiisd dat de kat nei alle gedachten ôfstammet fan 'e Afrikaanske wylde kat (Felis lybica). Mei't bekend is dat de domestisearring fan 'e kat oarspronklik plakfûn yn it Midden-Easten, dêr't de Afrikaanske wylde kat foarkomt mar de Jeropeeske wylde kat net, liket it twadde model it wierskynlikst. Mooglik dat lettere natuerlik foarkommende krusings tusken katten en Jeropeeske wylde katten ferantwurdlik binne foar de 'fersmoarging' fan it nukleêr DNA.

Domestisearring Lange tiid waard tocht dat de domestisearring fan 'e kat plakfûn hie yn it Alde Egypte, dêr't katten fan likernôch 3100 f.Kr. ôf fereare waarden as hillige bisten. Mar in argeologyske fynst op Syprus hat dêr feroaring yn brocht. Yn in grêf út it Neolitikum te Shillourokambos, dat datearret fan 7500–7200 f.Kr., binne de resten fan in kat ûntdutsen dy't mei syn minsklike baaske begroeven is. (Alteast, sa wurdt de oanwêzigens fan 'e kat yn it minsklike grêf troch argeologen ynterpretearre). Mei't Syprus yn dy tiid gjin lânseigen sûchdieren mear hie, moat wol konkludearre wurde dat de kat en oare sûchdieren dy't doe en letter op Syprus foarkamen, troch minsken fan it fêstelân fan it Midden-Easten ôf op it eilân ynfierd binne.

De gongbere hypoteze omtrint de domestisearring fan 'e kat is no dat Afrikaanske wylde katten yn 'e Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten oanlutsen waarden nei minsklike delsettings troch de oerfloed oan kjifdieren dêre. Dêrby gie it yn it bysûnder om 'e hûsmûs (Mus musculus). De kjifdieren kamen ôf op it nôt en de oare lânbougewaaksen dy't de iere minsklike bouboeren rispen en opsloegen, en moatte foar dy lju in wiere pleach west hawwe. Doe't de minsken foar it ferstân krigen hokfoar ferskil mûzejeiende katten foar har eigen itensfeilichheid meitsje koene, waard de kat as in weardefolle bûnsgenoat sjoen, en waard úteinsetten mei it nuetmeitsjen fan it bist. De symbioatyske relaasje tusken iere bouboeren en nuetmakke katten duorre tûzenen jierren lang. Neigeraden dat de bou fan lânbougewaaksen him fierder fersprate, die de nuete kat dat ek.

De nuete katten yn it Alde Egypte wiene fan oarsprong ek Afrikaanske wylde katten. It liket der sterk op dat de nuete katten fan it Midden-Easten har net nei Egypte ferspraat hawwe, mar dat der yn 'e Egyptyske Aldheid ynstee in twadde domestsearringsproses plakfûn. Letter fermongen de beide typen nuete katten har mei-inoar. It ierste bewiis foar it foarkommen fan 'e nuete kat yn it Alde Grikelân datearret fan likernôch 1200 f.Kr. De Alde Griken en letter ek de Romeinen holden de harmeling (Mustela erminea) as húsdier, dy't troch harren beskôge waarden as de ideäle ûngediertebestrider. Uteinlings kamen katten de harmelings lykwols te ferfangen. Harmelings wiene miskien wol like goed as katten by it bestriden fan ûnwinske kjifdieren, mar katten wiene folle makliker te hantearjen en se roeken in stik oangenamer. Grykske, Fenisyske, Kartaachske en Etruskyske keaplju yntrodusearren de nuete kat yn it hiele Middellânske-Seegebiet. Tsjin 'e fyfde iuw f.Kr. wiene katten húsriem yn alle troch de Griken en Etrusken bewenne kontreien. Rûchwei tagelyk mei de Fal fan it Westromeinske Ryk yn 'e fyfde iuw arrivearren de earste nuete katten mank de âlde Germanen oan 'e kust fan 'e Eastsee yn wat no noardlik Dútslân is.

Yn Sina waard omtrint 5000 f.Kr., of mooglik noch justjes earder, ûnôfhinklik fan 'e ûntwikkelings yn it Westen de Bingaalske loaihoarskat (Prionailurus bengalensis) domestisearre. Dat wurdt bewiisd troch argeologyske fynsten fan fossilen yn Neolityske delsettings yn 'e provinsjes Shaanxi en Henan. It tinken is dat de bisten ek yn dit gefal brûkt waarden as ûngediertebestriders fan benammen mûzen, wrotmûzen (lykas fjildmûzen) en rotten. Tûzenen jierren letter, mar yn elts gefal foarôfgeande oan it begjin fan 'e Tang-dynasty (618–907), waard de domestisearre Bingaalske loaihoarskat yn dy hoedanichheid ferfongen troch de út it Midden-Easten ôfkomstige nuete kat. It is net bekend oft besocht is om 'e nuete loaihoarskat mei de nuete kat te krusen; de Bingaalske loaihoarskat hat yn elts gefal gjin genetyske spoaren neilitten yn hjoeddeistige kattepopulaasjes.

Under har domestisearring hawwe katten mar lytse feroarings yn har anatomy en hâlden en dragen ûndergien, en se binne noch altyd by steat en oerlibje yn it wyld. It soe skoan kinne dat ferskate gedrachspatroanen en oare skaaimerken dy't se as wylde katten al besieten, harren pre-adaptearre (yn 't foar al oanpast) hawwe om domestisearre te wurden. Sokke skaaimerken binne har behindige grutte, har fermogen ta sosjalisaasje (ek al libben se fan natuere eins in solitêr bestean), har relatyf dúdlike lichemstaal, har foarleafde foar boartsjen en har grutte yntelliginsje. Mei't se skjinne bisten binne, dy't harsels op deistige basis waskje, sindlik binne en ynstinktyf har miich en kjitte opromje troch it te bedobjen, jouwe se folle minder rommel as oare domestisearre bisten. Doe't yn 'e njoggentjinde iuw úteinset waard mei it fokken fan katten om beskate katterassen te kreëarjen, waard foar it earst op signifikante wize yn it genoom fan 'e kat yngrepen troch spesifike mutaasjes fierder te ûntwikkeljen.

Fersprieding, ferwyldering en negative ynfloed as eksoat De kat is in bistesoarte dy't in protte baat hân hat fan syn domestisearring troch de minske. As trou selskipsdier fan 'e minske is it him slagge en kolonisearje frijwol de hiele wrâld, sadat er no in kosmopolityske fersprieding hat. De kat komt, yn sawol nuete as ferwyldere steat, foar op alle wrâlddielen útsein Antarktika, en teffens op 118 fan 'e 131 gruttere arsjipellen, sels oan sokke isolearre, ûnbewenne eilannen ta as it Frânske Kerguelen, yn 'e súdlike Yndyske Oseaan, en de tropyske Kermadeceilannen, yn 'e Stille Súdsee benoarden Nij-Seelân.

Der binne trije types katten, dy't sterk ferskille yn libbenswize. Yn it foarste plak is der de nuete hûskat, in húsdier dat folslein domestisearre en sosjalisearre is, in eigner hat en by minsken ynwennet yn 'e hûs. De nuete hûskat kriget op fêste tiden iten fan syn baaske, hat in drûch plak om te sliepen, wurdt by sykte of ferwûnings nei de bistedokter brocht en op alderlei wize let en set. De boerekat is in healwylde kat dy't "efterhûs" op boerebedriuwen libbet. Sokke katten wurde ornearre eigendom te wêzen fan 'e boer op waans pleats se wenje, mar se komme net yn 'e hûs en moatte harsels foar it meastepart rêde, hoewol't se faak noch wol (by)fuorre wurde. Se binne net sosjalisearre, mar binne it wol wend dat der minsken yn har neite omrinne en steure har dêr net oan. De ferwyldere kat, lykwols, libbet folslein yn it wyld en hat gjin eigner. Sokke katten binne totaal net sosjalisearre, binne tige skou en naaie daliks út as se minsken gewaarwurde. Se komme sawol op it plattelân foar, dêr't se op 'e iepen romte bliuwe en har net yn 'e neite fan doarpen of pleatsen fertoane (útsein miskien ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster), as yn stedske gebieten, dêr't se swerfkatten neamd wurde en faak koloanjes foarmje yn fertutearze stegen en efterôfstrjitsjes en fjochtsje om ôffal dat minsken efterlitte. Ferneamde koloanjes ferwyldere katten binne bgl. te finen om it Colosseum en it Forum Romanum yn Rome hinne, dêr't se útgroeid binne ta in toeristyske attraksje. Anno 2021 wiene der nei skatting 220 miljoen nuete hûskatten en boerekatten yn 'e wrâld, en 480 miljoen ferwyldere katten.