thumb|250px|De Sint-Hippolytustsjerke fan Olterterp
De Sint-Hippolytustsjerke is in tsjerke dy't leit yn in boskrike omjouwing fan it Fryske doarp Olterterp, krekt eastlik fan Beetstersweach. De tsjerke is wijd oan Sint Hippolytus. De tsjerke is om 1500 hinneKarstkarel neamt dy perioade om 1500 hinne as de tiid, dêr't de tsjerke yn boud is; de eigner, de stifting Alde Fryske Tsjerken, datearret de bou earder en wol yn 1415 boud, mar nei alle gedachten letter noch wer fergrutte. De toer datearret út 1744 ek koe realisearre wurde mei troch in jefte fan Ayzo fan Boelens en syn earste frou Rinske Lycklama à Nijeholt. In tinkstien boppe de yngong is dêr it bewiis fan. De famylje Boelens bewenne it Hûs Olterterp, dat yn de buert lei en besiet in grut part fan de grûnen om Olterterp hinne.
It ynterieur fan de tsjerke, lykas de preekstoel en de doophek, datearret út de 18e iuw. De tsjerke is eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken en wurdt ûnder mear brûkt foar it hâlden fan eksposysjes en brulloften. Sneins wurdt de tsjerke brûkt troch in groep ôfskieden leden fan de Grifformearde Tsjerken frijmakke. Stifting Alde Fryske Tsjerken: Olterterp
De tsjerke is erkend as in ryksmonumint.
Kategory:Olterterp Kategory:Tsjerkegebou yn Opsterlân Kategory:Ryksmonumint yn Opsterlân Kategory:Bouwurk út 1500 Kategory:Bouwurk út 1744