thumb||De tangentsjele fersnelling is de ôflate fan de snelheid, en yn in punt dus de rjochtingskoëffisjint fan de reitsline oan de snelheid Fersnelling of akseleraasje is in begryp út de natuerkunde dêr't de feroaring fan de snelheid fan in punt mei oanjûn wurdt.

Feroaring fan snelheid kin betsjutte dat in punt flugger giet, mar ek dat it stadiger giet (in negative fersnelling is in fertraging) of dat de bewegingsrjochting feroaret. Troch it wurd te letterlik te nimmen kin der dus betizing ûntstean.

Ienheid De SI-ienheid fan fersnelling is meter de sekonde kwadraat. https://www.wolframalpha.com/input/?i=acceleration

Twadde Wet fan Newton Neffens de twadde wet fan Newton is de fersnelling fan in objekt de krêft dield troch de massa: Sander Bais; De Natuurwetten, Amsterdam 2009

F=ma

As de motor fan in auto in krêft levert fan 200N en de massa fan de auto is 100 kg, dan is de fersnelling fan de auto 200N/100kg=2 meter per sekonde kwadraat.

Kategory:Meganika Kategory:Lienwurd út it Nederlânsk