Star Trek is in tige súksesfolle en ynfloedrike Amerikaanske mediafranchise op it mêd fan science fiction. De franchise sette yn 1966 útein mei de troch Gene Roddenberry betochte tillefyzjesearje Star Trek. Dy krige letter mei weromwurkjende krêft de ûndertitel The Original Series taparte ta ûnderskie fan oare ûnderdielen fan 'e franchise. De searje folge de aventoeren fan it romteskip de USS Enterprise, dy't yn 'e fiere takomst fan 'e Ierde ôf útstjoerd wurdt om it hielal te ferkennen. Neitiid waarden yn it ramt fan Star Trek 12 spin-offsearjes en 13 langspylfilms makke (telling 2021). De franchise omfiemet fierders in grut tal romans, boerdspullen, kaartspullen, rollespullen, fideospultsjes, strips, companionboeken, twa tydskriften, in breed skala oan boartersguod en oare merchandising en (foarhinne) in ferdivedaasjepark yn Las Vegas. Foar de franchise waarde de keunsttaal Klingon ûntwurpen. De (oer it algemien tige trouwe) fans fan Star Trek wurde "Trekkies" neamd. Foar harren wurde geregeldwei grutte konvinsjes organisearre. Star Trek is sûnt de 1960-er jierren in cultfenomeen dat grutte ynfloed hân hat op 'e popkultuer en ek op 'e Westerske mainstreamkultuer.
Oarsprong Star Trek is it geastesbern fan 'e Amerikaanske âld-plysjeman Gene Roddenberry, dy't him yn 1964 foar syn science fiction-searje ynspirearje liet troch û.m. de klassike roman Gulliver's Travels, fan Jonathan Swift, de Horatio Hornblower-romansearje fan C.S. Forester en de westerns oer karafanen kapweinen dy't troch de prêrje nei it Wylde Westen opteagen. Hy keas foar syn searje de omskriuwing trek, dat yn it Ingelsk in lienwurd út it Afrikaansk is, fan 'e Grutte Trek. Om oan te jaan dat it om romtefeart gie, foege er dêr it wurd star ("stjer") oan ta, sadat de titel Star Trek ûntstie, letterlik: "Stjerretrek" of "Stjerretocht".
Roddenberry gie mei syn idee nei tillefyzjestudio Desilu Productions, dêr't er it oanpriizge as "a wagon train to the stars" ("in karafaan kapweinen nei de stjerren"). Yn gearwurking mei Desilu wurke er syn idee fierder út, foar't it foarlein waard oan it tillefyzjenetwurk NBC. Yn Roddenberry syn ferzje fan 'e takomst hie de minskheid him feriene en nei de stjerren ta ferspraat. Dêr wie mei beskate freonlike rassen fan bûtenierdske wêzens de Feriene Federaasje fan Planeten oprjochte, in steatkundige ienheid dy't bedoeld wie om mei-inoar in fûst te meitsjen tsjin ynterstellêre riken dy't op ekspânsje út wiene, lykas dy fan 'e Klingons en de Romulanen, twa fijannige rassen fan bûtenierdske wêzens. Roddenberry basearre syn takomstige hielal op 'e Ierde yn 'e Kâlde Oarloch, dy't yn 'e 1960-er jierren noch yn folle gong wie. De Federaasje joech de Feriene Steaten en syn bûnsgenoaten wer, de Klingons stiene symboal foar de Sovjet-Uny en de Romulanen foar de Folksrepublyk Sina.
Yn 1964 joech NBC oan Desilu Productions it griene ljocht om (op kosten fan it tillefyzjenetwurk) in pilotôflevering te meitsjen, mei as titel The Cage. Dêryn spile Jeffrey Hunter de haadrol fan kaptein Christopher Pike fan it romteskip de USS Enterprise. Syn earste ofsier wie in frou, en in oare ofsier wie de Vulcaniër Spock. De bazen by NBC wiene min te sprekken oer The Cage, mar se fûnen dat it idee fan Star Trek dochs potinsjeel hie. Se easken dat de earste ofsier 'gewoan' in man wurde soe en dat Spock út 'e searje skreaun wurde soe. Roddenberry joech ta wat de earste ofsier oanbelange, mar oangeande Spock hold er hoek. Op dy basis waard yn 1965 in nije pilotôflevering makke, Where No Man Has Gone Before, dy't troch NBC akseptearre waard.
Tillefyzjesearjes Live-actionsearjes The Original Series
De tillefyzjesearje Star Trek (letter mei weromwurkjende krêft Star Trek: The Original Series neamd) waard fan 1966 ôf troch NBC op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd. Roddenberry hie fan 'e USS Enterprise (NCC-1701) in soarte fan miniatuerferzje fan 'e Feriene Naasjes makke, mei't ûnder de ofsieren fan it romteskip fertsjintwurdige wiene: inkele Amerikanen (James T. Kirk en Leonard McCoy), in Skot (Montgomery Scott), in Afrikaanse (Uhura), in Japanner (Hikaru Sulu) en in Rus (Pavel Chekov). Dêrnjonken kearde ek de Vulcaniër Spock werom, waans oanwêzigens gauris ta botsings mei minsklike bemanningsleden late om't it tinken fan Vulcaniërs inkeld op logika en net op emoasjes basearre is. Cast
It útgongspunt fan 'e searje wie dat de USS Enterprise, in romteskip fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten, yn 'e trijeëntweintichste iuw (om persiis te wêzen yn 2254) op in fiifjierrige ferkenningsmisje it hielal yn stjoerd waard. It doel fan 'e misje wie: "to explore strange new worlds, to seek out new life and new civilizations, to boldly go where no man has gone before" ("om frjemde nije wrâlden te ferkennen, nij libben en nije beskavings op te spoaren, om manmoedich te gean dêr't nimmen earder gien is").
Yn 't earstoan hie Star Trek hege sjochsifers, mar tsjin 'e ein fan it earste seizoen, yn it foarjier fan 1967, sakke dat bot yn. Dat jiers waard Desilu Productions oankocht troch de Paramount Pictures, wêrnei't Desilu omneamd waard ta de Paramount Television Studios. Omreden fan 'e minne sjochsifers drige NBC Star Trek stop te setten ûnder of oan 'e ein fan it twadde seizoen, mar in noch nea earder sjoene kampanje fan it skriuwen fan protestbrieven troch de tawijde fans fan 'e searje wist it tij te kearen. NBC kocht in trêde seizoen fan Star Trek, mar kromp it budget gâns yn en ferskode de útstjoertiid nei freedtejûn, doedestiden de minste tillefyzjejûn yn 'e Feriene Steaten. Roddenberry naam dêrop ûntslach as produsint, en Fred Freiberger naam syn plak yn. Oan 'e ein fan dat seizoen, yn it foarjier fan 1969, loek NBC by de searje definityf de stekker derút, nettsjinsteande in nije briefskriuwerskampanje fan fans. Der waarden fan Star Trek: The Original Series trije seizoenen mei yn totaal 79 ôfleverings makke. De searje wûn twa kear de prestizjeuze Hugo Award (eins in literatuerpriis) yn 'e kategory bêste dramatyske presintaasje.
Nei't de searje stopset wie, bleau Paramount Television mei frijwat ferliezen sitten. Dêrom waard Star Trek frijjûn om yn syndikaasje werhelle te wurden. De werhellings begûnen ein 1969 en tsjin 'e ein fan 'e 1970-er jierren wie de searje op 150 Amerikaanske tillefyzjestjoerders en yn 60 oare lannen te sjen. Iroanysk genôch waarden de werhellings better besjoen as de oarspronklike útstjoerings. In teken oan 'e wand wie hoe't de earste Star Trek-konvinsje ferrûn, dy't yn jannewaris 1972 yn New York holden waard. De organisators hiene rekkene op miskien in pear hûndert fûleindige fans, mar der kamen 3.000 minsken op ôf. De nije populariteit fan Star Trek late ta in oplibbing fan 'e franchise en in útwreiding nei oare media, lykas film en tekenfilm.
The Next Generation
Star Trek: The Next Generation ("De Folgjende Generaasje"), gauris ôfkoarte ta TNG, spile likernôch in iuw nei de oarspronklike searje, yn 'e twadde helte fan 'e fjouwerentweintichste iuw (2364-2370). Dizze searje folge in nije romteskip, dat ek de USS Enterprise (NCC-1701-D) hiet, mei in nije bemanning. It útgongspunt, fan in oanhâldende reis troch de romte op in langjierrige ferkenningsmisje, bleau lykwols itselde. Cast
De nije searje kaam yn septimber 1987 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje en rûn sân seizoenen, oant yn 1994. Yn it lêste seizoen hied er fan alle yn syndikaasje útstjoerde tillefyzjesearjes de heechste sjochsifers. Dêrtroch koe Star Trek: The Next Generation tsjinje as springplanke foar oare spin-offsearjes fan 'e Star Trek-franchise. In protte sitewaasjes en bûtenierdske rassen, en ek in tal personaazjes dy't yn Star Trek: The Next Generation yntrodusearre wiene, foarmen letter de grûnslach foar ôfleverings fan Deep Space Nine en Voyager. De searje wûn achttjin Emmy Awards, twa Hugo Awards, in Peabody Award en fiif Saturn Awards.
Deep Space Nine
Star Trek: Deep Space Nine, faak ôfkoarte ta DS9, spile tagelyk mei de lêste jierren fan Star Trek: The Next Generation en yn 'e jierren dêrnei (2369-2375). It útgongspunt fan 'e searje waard yntrodusearre yn in ôflevering fan The Next Generation. Nei't de bloedige besetting fan 'e planeet Bajor troch de Kardassianen beëinige is, freegje de Bajoranen de Feriene Federaasje fan Planeten om help by it eksploitearjen fan in âld Kardassiaansk romtestasjon by harren planeet, dat Deep Space Nine hjit. Yn 'e pilotôflevering fan 'e searje nimme de Federaasje en de Bajoranen it romtestasjon yn gebrûk en ûntdekke dan in unyk, stabyl wjirmgat deunby, dat direkte tagong jout ta it fiere Gamma Kwadrant. Bajor en it romtestasjon wurde dêrtroch yn ien klap fan grut strategysk belang. De searje folge neitiid de bemanning en besikers fan it romtestasjon en harren aventoeren. Cast
De earste ôflevering fan Star Trek: Deep Space Nine waard yn jannewaris 1993 útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzje. De searje rûn seis seizoenen, oant yn 1999, en ûnderskate him fan oare Star Trek-rigen troch syn langere ferhaallinen, dy't har ûntspûnen troch ferskate ôfleverings hinne. Ek wiene der mear karakterkonflikten en religieuze tematyk. Dy eleminten waarden allegear priizge troch de resinsinten, mar it wiene krekt de dingen dêr't Gene Roddenberry (dy't yn 1991 ferstoarn wie) as produsint fan 'e oarspronklike searje en yn Star Trek: The Next Generation it near op lein hie.
Voyager
Star Trek: Voyager spile yn deselde jierren en fuort nei ôfrin fan Deep Space Nine (2371-2378). De searje griep werom op 'e Maquis, in militante frijheidsbeweging ûnder minsklike kolonisten op planeten dy't troch de Federaasje as ûnderdiel fan in fredesferdrach ôfstien waarden oan Kardassia. By de efterfolging fan in Maquis-skip troch de USS Voyager reitsje beide skippen troch in ûnfoarsjoense gearrin fan omstannichheden strâne yn it Delta Kwadrant, op 70.000 ljochtjier fan 'e Ierde. Dat betsjut dat se in reis fan 75 jier foar de boech hawwe om wer thús te kommen. De bemannings fan 'e USS Voyager en it Maquis-skip smite de lapen gear foar dy lange en gefaarlike ûndernimming. Cast
De searje waard foar it earst yn jannewaris 1995 op 'e Amerikaanske tillefyzje brocht, en rûn sân seizoenen, oant yn 2001. Foar it earst wie yn in Star Trek-searje de haadpersoan en kaptein in frou. Krekt as yn Deep Space Nine foarmen ûnderlinge konflikten tusken bemanningsleden, benammen yn 'e earste seizoenen fan Voyager, in wichtich ûnderwerp. (Yn dizze searje wurdt dat feroarsake troch wriuwing tusken de Stjerrefloatbemanning fan 'e USS Voyager, dy't alles o sa neffens de regels dwaan wol, en de yn dy bemanning opnommen Maquis-leden, dy't maling hawwe oan 'e regels.) Troch it útgongspunt fan 'e searje wie it foar de makkers mooglik om 'e folslein isolearre USS Voyager bleat te stellen oan gefaren, útdagings en dilemma's dy't yn 'e oare Star Trek-searjes gewoan net mooglik wiene. Yn 'e lettere seizoenen, doe't de Voyager almar tichter by hûs kaam, folge in ynfluks fan personaazjes en beskavings út 'e oare searjes, lykas de Borg, Q, de Ferengi, de Romulanen, de Klingons, de Kardassianen en bemanningsleden fan 'e USS Enterprise út Star Trek: The Next Generation.
Enterprise
Star Trek: Enterprise, oarspronlik koartwei Enterprise, wie in prequel fan Star Trek: The Original Series, dy't likernôch in iuw earder spile (2151-2155). Yn dy searje waarden de fiktive stappen fan 'e minskheid op it mêd fan 'e ferkenning fan it hielal beskreaun, en teffens de oarsprong fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten. Dêrfoar waard it romteskip de USS Enterprise (NX-01) folge op 'e earste minsklike ferkenningsmisje omfierrens. Cast