Haskerlân (Nederlânsk en offisjeel: Haskerland) is in eardere gemeente yn it suden fan Fryslân. Dizze gemeente hie op 1 jannewaris 1981 15.667 ynwenners en besloech in oerflak fan 95,94 km².

Skiednis thumb|left|Schotanuskaart fan de gritenij Haskerlân thumb|left|Grinzen fan Haskerlân oant 1934. thumb|left|Grinzen fan Haskerlân fan 1934 oant 1984 De namme Haskerlân ferwiist oarspronklik nei haske of heesc: in gerssoarte. In populêre ferklearring ûnder de befolking wie lykwols dat it fan it wurd hazze komme soe.

De gritenij Haskerlân waard yn 1851 in gemeente nei de ynfiering yn Nederlân fan de gemeentewet fan Thorbecke.

Yn 1934 rekke de gemeente in stik lân ten easten fan it hjoeddeiske Nijehaske kwyt oan de dan nij te foarmjen gemeente It Hearrenfean. It plakje It Hearrenfean wie nammentlik grut wurden en oer de grinzen fan trije gemeentes groeid. Haskerlânsk buorgemeente Skoatterlân gie foar it meastepart op yn dizze nije gemeente. Mar it westlike diel fan dy gemeente, mei de doarpen Dolsterhuzen, Reahel, Rotstergaast, Rotsterhaule, Rottum en Sint-Jânsgea, waard by Haskerlân foege.

By de gemeentlike weryndieling fan 1984 is Haskerlân mei it oanbuorjende Doanjewerstâl opgongen yn de nije gemeente Skarsterlân, útsein Dolsterhuzen, dat by Lemsterlân kaam is.

Plakken (1983) De gemeente Haskerlân hie trettjin doarpen. It haadplak wie De Jouwer.

Aldehaske Dolsterhuzen Haskerdiken Haskerhoarne De Jouwer Nijehaske Reahel Rotstergaast Rotsterhaule Rottum Sint-Jânsgea Sniksweach Vegelinsoard </ol>

Sjoch ek Fryske doarpen Fryske gemeenten List fan grytmannen fan Haskerlân List fan boargemasters fan Haskerlân List fan Gritenijsekretarissen fan Haskerlân

Kategory:Sânwâlden Kategory:Eardere gemeente yn Fryslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1851 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1984 Kategory:Skarsterlân