Foarfallen 105 - T'sai Lun makket it earste skriuwpapier. 1702 - De Daily Courant, de earste nasjonale deistige krant fan it Feriene Keninkryk, ferskynt foar it earst. 1753 - Egbert Douwes iepenet op 'e Jouwer in winkeltsje yn kofje, tabak, tee en oar koloniaal guod, dat útwaakse sil ta Douwe Egberts. 1861 - De grûnwet fan de Konfederearre Steaten fan Amearika wurdt oannaam. 1903 - Yn Belgje hâldt de preester Adolf Daens yn it Parlemint syn ferneamde taspraak tsjin de Katolike Partij. 1928 - Han Hollander docht it earste sportferslach op de Nederlânske radio. It giet om de fuotbalwedstriid Nederlân - Belgje yn it Olympysk Stadion fan Amsterdam. 1938 - Kurt von Schuschnigg jout ûnder druk fan Adolf Hitler it regear oer Eastenryk oer oan Arthus Seyss-Inquart. 1990 - Litouwen ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny. 2004 - Yn Spanje falle 190 deaden by fjouwer oanslaggen op treinen. De oanslaggen blike it wurk te wêzen fan in brigade fan de terreurgroep Al Kaida. 2009 - Yn it Dútske Winnenden sjit in jongen fan 17 jier santsjin minsken dea, wêrnei him himsels om it libben bringt.
Berne 1444 - Donato Bramante, Italjaansk arsjitekt († 1514) 1549 - Hendrik Laurensz. Spieghel, Nederlânsk skriuwer († 1612) 1895 - Jacob Jongbloed, Frysk fysiolooch († 1974) 1899 - kening Freark IX fan Denemark († 1972) 1906 - Luigi Poggi, Italjaansk siler († 1972) 1908 - Jan Eisenga, Frysk ûnderwizer, skriuwer en dichter († 1943) 1918 - Thomas Gordon, Amerikaansk klinysk psycholooch († 2002) 1920 - Nico Bloembergen, Nederlânsk-Amerikaansk natuerkundige en Nobelpriiswinner († 2017) 1924 - Wim Molenaar, Frysk fuotballer († 2008) 1924 - Jaap Maarleveld, Frysk akteur en teaterprodusint († 2021) 1931 - Rupert Murdoch, Amerikaansk mediamagnaat 1932 - Jan van der Meer, Frysk politikus († 2016) 1948 - George Kooymans, Nederlânsk gitarist († 2025) 1954 - Lida Boonstra, Frysk byldzjend keunstneresse 1955 - Nina Hagen, Dútsk sjongster 1957 - Kasem Soleimani, Iraansk generaal († 2020) 1965 - Diana Woei, Nederlânsk meteorologe en waarfrou 1977 - Nikki Anderson, Hongaarsk pornoaktrise
Bisten 1938 - Wytsturt, fokbolle († 1952)
Ferstoarn 222 - keizer Elagabalus fan it Romeinske Ryk (* 203) 1905 - Jan Linses van der Burg, Frysk dichter (* 1864) 1916 - Johan Winkler, Frysk dokter, sjoernalist en taalkundige (* 1840) 1955 - Alexander Fleming, Skotsk dokter en mikrobiolooch (* 1881) 1965 - Uiltje Tijmstra, Frysk keatser en skoalmaster (* 1886) 1987 - Klaas Posthumus, Frysk keatser (* 1915) 1988 - Karel van Seben, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1893) 1998 - Jean Shiley, Amerikaansk heechspringster (* 1911) 2006 - Slobodan Milošević, presidint fan Servje en Joegoslaavje (* 1941) 2010 - Hans van Mierlo, Nederlânsk politikus (* 1931) 2016 - Lawrence Van Gelder, Amerikaansk sjoernalist en filmkritikus (* 1933) 2019 - Janine van Elzakker, Nederlânsk aktrise (* 1945)
Kategory:Datum 11