De ielgoes of ielskolfer (Phalacrocorax carbo) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e ielgoesfûgels. Eartiis waarden ielguozzen yn dielen fan 'e wrâld as fiskark brûkt en yn guon Aziatyske lannen lykas Sina en Japan bart dat ek hjoed-de-dei noch. De fûgels krije in line om 'e nekke om te foarkommen dat er de fongen fisk trochslikt. De fongen fisken binne foar de fiskers. Om 'e 16e iuw hinne waard dy foarm fan fiskerij ek yn Jeropa yntrodusearre.
Foarkommen thumb|left|Dûkende ielgoes. De folwoeksen ielgoes is 80-94 sm lang, hat in spanwiidte fan 130 oant 160 sm en weaget 2,5 oant 3,5 kg. It mantsje is wat grutter as it wyfke. De lange snaffel is gries mei giel oan 'e basis, wêrfan't it boppeste diel yn in heak einiget oer de punt fan 'e ûnderste snaffelhelte. Under de snaffel hat er in stikje hûd sûnder fearren, dat meastentiids gieleftich is. Dat is in lytse kinsek dy't ek pilekanen ha, mar dan folle grutter. De ielgoes hat relatyf koarte wjukken en in stive, rûne sturt. De poaten binne koart en steane fier nei efter op it lichem. Sy ha tusken alle fjouwer teannen swimfluezen.
De ielgoes liket swart mar syn fearren binne foar in grut part djip brûns-grien. Alle fearkes fan 'e boppewjukken ha in lyts swart rântsje, sadat de fûgel der dêr skobbich útsjocht. Yn 'e maitiid wurde de wangen en dijen wyt en krije de krún en de nekke sulverwite moanjes. De keale hûd fan 'e kiel wurdt dan giel. Yn 'e rin fan 'e briedtiid ferdwine dy kleuren wer.
Juvenilen binne brúnswart en ha in wyt boarst.
Fersprieding De ielgoes hat in grut ferspriedingsgebiet en komt op in soad plakken yn dat ferspriedingsgebiet foar. De soarte briedt op alle kontininten, útsein Antarktika en Súd-Amearika. Dielen fan 'e wrâldpopulaasje binne stânfûgels, mar lokaal kinne se yn 'e hjerst en winter migrearje, wylst de meast noardlike populaasjes trekfûgels binne.
Ferskillende autoriteiten diele de ielgoes yn ferskillende ûndersoarten yn, dy't wer yn ferskillende ûndersoartgroepen ferdield wurde kinne. De folgjende list folget Clements et al. 2016:
Phalacrocorax carbo carbo – briedt yn East-Kanada, Grienlân en West-Jeropa. Oerwinteret sa fier súdlik as de Golfkust en Noardwest-Afrika. Phalacrocorax carbo novaehollandiae ynklusyf steadi – briedt yn Austraalje, Tasmaanje, Nij-Seelân en de Chatham-eilannen.
sinensis-groep Phalacrocorax carbo sinensis – briedt fan Noard-Sintraal-Jeropa, om 'e Eastsee hinne en eastlik oant Sina en Yndia. Phalacrocorax carbo hanedae – briedt yn Japan. Phalacrocorax carbo maroccanus – briedt oan 'e kust fan Noardwest-Afrika, fan Marokko oant Mauritsius. Phalacrocorax carbo lucidus – briedt yn Afrika súdlik fan 'e Sahara en op Kaapverdje.
Ofbylden ûndersoarten
De populaasje dy't yn Nij-Seelân en op 'e Chatham-eilannen briedt wurdt somtiden apart behannele fan 'e novaehollandiae en beskreaun as de ûndersoarte P. c. steadyi. De ûndersoarten waarden foarhinne yn twa groepen ferdield, wêrby't de measte ûndersoarten yn 'e ûndersoartegroep carbo set waarden en de Australaziatyske populaasje yn 'e groep novaehollandiae. Guon wolle ha dat de lêstneamde groep as in aparte soarte beskôge wurde moat.
De nominaatfoarm, de Atlantyske ielgoes (P. c. carbo) komt benammen foar oan 'e Atlantyske kusten en it oangrinzgjende ynlân. De soarte briedt oan 'e kusten fan West-Europa, op 'e Britske eilannen, de Fêreu-eilannen, Yslân en Grienlân. Yn Noard-Amearika komt de soarte allinnich foar oan 'e eastlike kust, mar it briedgebiet dêre is beheind ta de kustprovinsjes fan Kanada.
Nederlân De ielgoes is troch de iuwen hinne in soad ferfolge en net allinnich yn Nederlân. Oant fier yn 'e 20e iuw hie de ielgoes it yn Nederlân en de rest fan Jeropa dreech, foaral ek troch de wetterfersmoarging. Sûnt der mear omtinken foar de wetterkwaliteit kaam en de fûgel beskerme waard, namen de oantallen yn it lêste fearn fan 'e 20e iuw hurd ta. Ynearsten barde dat yn it Iselmargebiet, mar sûnt de jierren 1990 wie de fûgel ek jimmeroan faker te sjen yn oare dielen fan it lân.
Grutte konsintraasjes komme foar op 'e Iselmar, de Markermar, it Deltagebiet en op 'e grutte rivieren. Yn 'e Waadsee libje yn 'e neisimmer tûzenen ielguozzen. De fûgels binne ek op marren, by sleatten en yn stêden te sjen. Winterdeis wurdt de Nederlânske populaasje oanfolle mei ielguozzen út it Eastsee-gebiet en Noard-Dútslân.
Ekology thumb|left|Ielgoes mei iepen wjukken. De ielgoes kin him op 'e grûn net goed bewege en is gjin goede fleaner. Dêrfoaroer kin de fûgel tige goed swimme en fiskje. Yn tsjinstelling ta de measte oare wetterfûgels hawwe de ielguozzen gjin beskermjende fetlaach yn 'e fearren. Meidat de bûtenste laach fearren wetter opnimt, makket dat de fûgel swierder, sadat er djipper dûke kin. It neidiel is wol dat syn fearren fol wetter komme wêrtroch't er skoften syn wjukken yn 'e sinne drûgje moat foardat er wer fleane kin. De ielguozzen binne dan ek faak oan 'e kant fan it wetter te sjen mei de wjukken wiid útinoar om se yn de sinne te drûgjen.
Briedgedrach thumb|260px|Briedkoloanje. Ielguozzen briede yn koloanjes. De measte koloanjes lizze by de gruttere wetterpartijen en vaak op eilannen. De koloanjes besteane meastentiids út 10 oant 500 pearen en it nêst bestiet út takken en wetterplanten. Se kinne op rotsen mar ek yn beammen briede. De fûgel leit yn 'e regel fjouwer oant fiif wyteftige effen aaien. Beide skaaien briede de aaien yn 27 oant 31 dagen út en fersoargje dêrnei tegearre de jongen, dy't nei 50 dagen útfleane. Yn 'e ekskreminten fan 'e ielgoes sit in soad ammoniak sadat de begroeiïng it yn 'e koloanje tige dreech hat. Ielguozzen nimme de faak lytse eilantsjes dy't se kolonisearje hielendal oer en oan 'e deade beammen en it ûntbrekken fan begroeiïng is faak te sjen dat der in koloanje fan ielguozzen is. As de ielguozzen it eilân troch bygelyks fersteuring foar in lang skoft ferlitte wurdt de ammoniak omset yn nitraat. Nitraat is in foarm fan stikstof dy't as bemesting tsjinnet, sadat de begroeiïng werstelle kin.
Ofbylden
Iten Ielguozzen dûke yn 'e regel oant in djipte fan tsien oant tolve meter om proaien te fangen. In folwoeksen ielgoes hat deis sa'n 350 oant 500 gram fisk nedich. Njonken fisk ite se ek skaaldieren, amfibieën, weakdieren en jonge fûgels. Se fleane oer lange ôfstannen, faak yn grutte groepen, om gaadlike fiskersplakken te finen. Ut ûndersyk hat bliken dien dat it sicht fan 'e fûgel ûnder wetter net bysûnder goed is en dat se proaien allinnich op in ôfstân fan minder as in meter sjen kinne.
Status De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet en de IUCN tinkt dat de wrâldpopulaasje nei alle gedachten tanimt. Dat betsjut dat de soarte gjin bedrige fûgel is en de IUCN de soarte as Least Concern op 'e Reade List klassifisearret.
Yn it ferline beskôgen fiskers de fûgel as konkurrint en in pleach. De ielgoes pikte somtiden fisk út netten en fiskkwekerijen. Ek waard faak sein dat de soarte sa effisjint fiske, dat der foar gruttere fisken net in soad proaien oerbleaune. Undersyk wiisde lykwols út dat predaasje troch de ielgoes net in soad ûngeunstige gefolgen hat foar de fiskpopulaasjes.
Troch de systematyske ferfolging fan 'e fûgel ferdwûn de ielgoes yn in soad lannen of waarden se tige seldsum. De ielgoes wurdt beskerme troch de fûgelrjochtline fan 'e Jeropeeske Uny.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Ielgoes Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Fêreu-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Guernsey Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Yslân Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Jersey Kategory:Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Madeara Kategory:Lânseigen fauna yn Malta Kategory:Lânseigen fauna yn Man Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Grienlân Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal