Dili is de haadstêd fan East-Timor. De stêd leit oan 'e noardkust fan it eilân Timor. Dili is fierwei de kommersjeel en kultuereel wichtichste stêd fan it lân.

Dili waard om 1520 hinne stifte troch de Portegezen. Yn 1596 waard Dili haadstêd fan Portegeesk-Timor.

Skiednis Dili waard om 1520 hinne stifte troch Portegal. Yn 1596 waard Dili de haadstêd fan Portegeesk-Timor. thumb|left|It Yntegraasjemonumint waard yn Dili troch de Yndonezyske autoriteiten boud om de befrijing fan Europeeske bewâld te fieren. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard Dili beset troch Japan. Nei de Twadde Wrâldkriich bleau East-Timor in Portegeeske koloanje. Op 28 novimber 1975 ferklearre East-Timor him ûnôfhinklik fan Portegal. Njoggen dagen letter, op 7 desimber, foelen Yndonezyske troepen Dili binnen. Op 17 july 1976 anneksearre Yndoneezje East-Timor. East-Timor waard de provinsje Timor Timur (yn 'e folksmûle ek wol Timtim neamd) mei Dili as haadstêd.

In part fan 'e befolking fan East-Timor bleau tusken 1975 en 1999 foar ûnôfhinklikens krewearjen en op 12 novimber 1991 foelen Yndonezyske militêren demonstranten oan, wêrby't mear as 250 deaden foelen. Dat waard wrâldnijs neidat Max Stahl filmbylden makke hie. Omdat de filmploech troch de Australyske autoriteiten op befel fan 'e Yndonezyske autoriteiten strang ynspektearre waard, waarden dy opnames oan in Nederlânske sjoernaliste, Saskia Kouwenberg, meijûn dy't se nei Austraalje smokkele. Yn 1999 kaam East-Timor ûnder tafersjoch fan 'e Feriene Naasjes te stean. Uteinlik waard Dili op 20 maaie 2002 de haadstêd fan 'e ûnôfhinklike steat East-Timor.

Yn 2006 wiene der op 'e nij ûnrêst as gefolch fan mieningsferskillen binnen it East-Timoreeske leger tusken militêren út it westen en militêren út it easten fan it lân. Yn maart waarden 581 westerske militêren út it leger set, dêr't op 24 april in protest op folge. Dat einige mei in oanfal fan 'e eardere militêren op in merk fan ynwenners út it easten fan it lân. De reboelje duorre fiif dagen. Op 28 april foel it leger de eardere westerske militêren oan en iepene it it fjoer op 'e mannichte. Mear as 100 gebouwen waarden troch it leger fernield en 21.000 minsken flechten út 'e stêd Dili. Nei't de ûnrêst yn 'e rin fan 2006 delbêde wie, bleaune de Feriene Naasjes noch oant 2012 yn it lân oanwêzich.

Berne yn Dili Marí Alkatiri (1949), eardere premier Fernanda Borges (1969)), Partijfoarsitter Partido Unidade Nacional Sandra Pires (1969), Portugeesk-Eastenrykske sjongster, wennet yn Wenen José Ramos Horta (16 desimber 1949), presidint fan East-Timor en Nobelpriiswinner Roque Rodrigues (1949), eardere minister fan definsje Fernando Sylvan (1917 - Portegal, 1993), dichter en skriuwer

Kategory:Plak yn East-Timor Kategory:Haadstêd yn Aazje Kategory:Plak stifte yn 1520