thumb|Foto út 1943 fan de grêfstien fan Willem I fan Hollân en Aleid fan Gelre, yn it koar fan de Grutte of Laurentiustsjerke yn Rijnsburg

Aleid fan Gelre (±1177 - 12 febrewaris 1218) wie de dochter fan greve Otto I fan Gelre en Richardis fan Beieren. Sy troude yn 1197 yn Starum mei Willem I fan Hollân. Ut it houlik waarden fiif bern berne: Ricardis, Ada, dy't om 1239 hinne abdis fan de abdij fan Rynsburch waard, Floaris, dy't Willem I as Floris IV yn 1222 opfolge, Otto, dy't as Otto III yn 1234 biskop fan Utert waard, Willem.

By har ferstjerren die har man Willem I mei oan de fyfde krústocht.

Kategory:Nederlânske adel Kategory:Hûs Wassenberg Kategory:Hûs fan Hollân Kategory:Persoan berne yn 1177 Kategory:Persoan stoarn yn 1218