Leien (Nederlânsk en offisjeel: Leiden, ferâldere: Leyden) is in stêd en gemeente yn de provinsje Súd-Hollân, mei ynwenners (, boarne: CBS) op in oerflak fan 23,16 km², wêrfan 1,16 km² wetter. Neffens ynwennertal is Leien nei Rotterdam, De Haach en Zoetermeer de fjirde gemeente fan Súd-Hollân. It oaninoar fêstwoeksen stedsgebiet fan Leien mei de buorplakken Oegstgeest, Voorschoten, Leiderdorp en Zoeterwoude hat 215.602 ynwenners. De stedske agglomeraasje, sa't dy troch it CBS definiearre is, dat Katwyk omfiemet hat 282.207 ynwenners. It stedsgewest Leien omfiemet ek Teylingen en Noardwyk en hat yn totaal 365.913 ynwenners. Dêr heart it stedsk gebiet fan Leien mei ta de tsien grutste agglomeraasjes yn Nederlân.

Sleutelstad ('Kaaistêd') is de bynamme fan de stêd, ferwizend nei it stêdswapen.

Leien hat de âldste universiteit fan Nederlân, dy't yn 1575 oprjochte waard. Leien is dêr in typyske studintestêd troch. Ek jout de universiteit in grutte bydrage nei in grut tal wittenskiplike ûntdekkings yn de stêd, dêr't er de namme "Stêd fan Untdekkings" (Stad van de Ontdekkingen) troch krigen hat. Dêrneist is de stêd bekend om syn rike skiednis en de âlde binnenstêd. De binnenstêd hat in soad grêften, monumintale bouwurken en hofkes en ferskate museums dy't alle jierren tûzenen besikers oanlûke. Yn 2021 krige it Romeinske part fan Leien, Park Matilo, as part fan de Romeinske limes de status fan UNESCO-Wrâlderfgoed

Nammejouwing De namme Leithon komt foar it earst foar yn in list fan 'e Utertske Sint-Martentsjerke dy't tusken 777 en 866 opsteld waard. In populêre ferklearring foar de namme Leien is dat dy ôflaat wêze soe fan de âlde Romeinske delsetting Lugdunum Batavorum, mar yn werklikheid lei dy mear yn de buert fan Katwijk. By Leien lei Matilo. Dy ferklearring giet werom nei de 16e iuw doe't der yn 'e Renêssânse fannijs ynteresse ûntstie foar de Romeinske tiid.

In oare ferklearring is dat Leien syn namme te tanken hat oan it rivierke 'De Leyte', dy't yn de Ryn ôfwettere.Ed van der Vlist, diel 1, s. 15 fan (nl) Maanen, R.C.J. van; J.W. Marsilje (redactie), Leiden : de geschiedenis van een Hollandse stad (4 delen), Stichting Geschiedschrijving Leiden, Leieen, 2002-2004, 259 s. ISBN 9080675415.

Letter ûndersyk op taalkundich mêd joech dat de namme ôflaat is fan in Germaansk sterk namwurd leitha"Online Etymology-wurdboek". Argivearre op 6 septimber 2015. Oproppen op 11 augustus 2015., itjinge yn it Midnederlânsk lede waard. Underwilens is der in sterk ûnderskaat makke tusken natuerlike en groeven wetterrinnen. Yn 'e werklikheid is it ferskil staadichoan. Al yn 'e midsiuwen is der in soad oan 'e rin fan 'e rivieren feroare, bygelyks troch bochten ôf te snijen om it ôfwetetrjen of de skipfeart makliker te meitsjen. In gearfetsjende namme foar soksoarte hiel of foar in part groeven wetterrinnen is it wurd lede, dat oarspronklik deselde stamme hat as it meartal ûnfolsleine tiid fan leiden, yn 'e betsjutting fan "gean" foar in wettergong. Dat lede komt werom yn plaknammen lykas Leardam (daam yn de lede), Haarlemmerliede (lede rjochting Haarlim), Schipluiden (mei skippen befarre lede) en Westerlee (lede dy't westlik leit).

Bynamme Sleutelstad (Kaaistêd) is de bynamme fan de stêd. Dy bynamme giet werom op Sint-Piter, de patroanhillige fan 'e haadtsjerke, de Pitertsjerke, en dêr dus ek de beskermhillige mei fan 'e stêd. Tsjin Petrus wurdt yn it Evangeelje fan Mattéus sein: "Ik sil jo de kaaien jaan fan it Keninkryk fan 'e himels(...). Dêr binne syn attributen twa kaaien troch, dy't op it stedswapen en de flagge fan Leien kruse ôfbylde stean. Sleutelstad is de bijnaam van de Zuid-Hollandse stad Leiden.

Ferskate saken yn 'e stêd ferwize nei kaaien en de bynamme, lykas de namme fan in koar, De Leidse Sleuteltjes; de eardere moalfabryk De Sleutels; de pleatslike omrop foar Leien en in lokale politike partij.

Wapen en flagge It stêdswapen fan Leien bestiet út in wyt of sulveren skyld mei twa krúste kaaien. It wapen ferwiist nei Sint Piter, de patroan fan de stêd en nammejouwer fan de grutste tsjerke yn Leien, de Piterstsjerke. Petrus hie de kaaien fan de himel fan Jezus krigen.

It offisjele wapen fan Leien bestiet út in reade liuw op in festingmuorre mei de Latynske spreuk 'Haec liberatis ergo' ('dit omwille fan de frijheid'), ferwizend nei it ferset yn de Nederlânske Opstân. De linker klau fan de liuw leit op it skyld mei de twa kaaien en yn de oare hat er in sulveren swurd.

De stedsflagge bestiet út trije horizontale banen yn de kleuren read-wyt-read. Oan de kant fan de flaggestôk sit in reade sirkel mei, opnij, de twa reade kaaien út it wapen. De flagge waard yn 1949 fêststeld troch de gemeenteried.

Skiednis De stêd ûntstie as dykdoarp oan de gearrin fan de Alde Ryn en Nije Ryn. De âldste fernijing datearret fan om en by 860, doe't it doarp Leithon neamd waard. By it doarp waard in keunstmjittige hichte opsmiten, dêr't in boarch op kaam te stean. Dy boarch wie alderearst de sit fan de lienman fan de biskop fan Utert, letter kaam dy yn hannen fan de greve fan Hollân. De delsetting krige yn 1266 befêstiging fan de stedsrjochten, mar nei alle gedachten binne dy âlder. Letter yn de midsiuwen groeide de stêd út ta it grutste plak fan Hollân, ûnder oare troch de oplibjende lekkenyndustry. Yn 1389, mei in befolking fan likernôch 4.000, wreide de sted him yn 't suden út, dat wie nedich yn ferbân mei de groeiende befolking.

By de Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen waard de stêd in 1420 ynnaam troch Jan sûnder Genede. Op 1 maart 1512 stoarte de hûndert meter hege toer fan de Piterstsjerke yn, oant dat momint ien fan de heechste tuorren yn Nederlân. De toer waard nea wer boud, de tsjerke sels stiet der noch hieltyd.

Nettsjinsteande dy tsierderijen wie Leien yn 1514 útwoeksen ta de grutste stêd fan Hollân mei likernôch 14.000 ynwenner. Neitiids wie dêr in stilstean troch bygelyks konkurrinsje fan plattelânsniverheid, dy't goedkeapere tekstyl as de Leienske gilden levere.

thumb|left|Untset fan Leien troch Otto van Veen Yn 1572 keas de stêd foar de kant fan 'e opstân tsjin Spanje. As reaksje op dat beslút waard de sted belegere troch de Spaanske lânfâd Requenses, yn it jier 1574. Nei't de belegering ôfslein wie, op 3 oktober 1574, kriich it plak de Universiteit Leien kado fan Willem fan Oranje (al wurdt ek wol sein dat Willem dêr polityk/bestjoerlike reden foar hie: der wie ferlet fan heech oplate folgelingen).

Fan de 17e iuw ôf kaam de sted ta grutte bloei, feroarsake troch flechtelingen út Flaanderen, dy't de tekstylyndustry fuortsterken. Troch in grutte befolkingsgroei yn dy perioade (fan 15.000 nei 70.000 ynwenners) wiene nije útwreidingen fan 'e stêd nedich. Yn 'e Gouden Iuw wie Leien nei Amsterdam sels de twadgrutte stêd fan Nederlân. Dêr waarden nije grêften en singels foar oanlein. It hjoeddeistige sintrum fan Leien, werom te kennen oan it singelpatroan, waard in 1695 foltôge.

Fan de 18e iuw ôf rekke de tekstylyndustry yn it neigean, ûnder oaren troch hege leanen en proteksjonistyske maatregels fan Frankryk. Gefolch wie it omleech gean fan it tal ynwenners fan de sted: nei 30.000 yn 'e 18e iuw nei in djiptepunt fan 27.000 om 1815 hinne.

Op 12 jannewaris 1807 wie de Leienske Sjitkrûtramp, dêr't likernôch 150 minsken by om kamen. Kening Loadewyk Napoleon besocht it plak fan de ramp om de help oan de slachtoffers te stypjen. In grut part fan de sted waard rekke ferwoastge troch de ûntploffing: op it plak waard it Van der Werfpark oanlein en in laboratorium set.

Yn deselde iuw waard Leien oansletten op it spoar: yn 1842 waard de wichtige spoarline nei Alkmar yn gebrûk naam. Troch dat spoar bloeide Leien wer in bytsje op, mar it ynwennertal kaam oant en mei 1900 net wer boppe de 50.000. Pas om 1896 wreide de sted bûten de singels út. thumb|It waaksen fan Leien fan 1896 ôf Yn 'e fjirde fearns iuw fan de 19e iuw wie der in grutte foarútgong yn 'e Nederlânske wittenskip, dy't ek wolris as de Twdde Gouden Iuw oantsjut waard. Leien spile yn dy ûntjouwing de haadrol. Johannes van der Waals, Hendrik Lorentz, Heike Kamerlingh Onnes, Pieter Zeeman wiene wittenskippers dy't warber yn Leien wiene. Leien waard doe as "Stêd fan 'e Untdekkings" neamd. Yn 1861 waard dêr in folslein nije stjerrewacht boud, dy't hjoed-de-dei ien fan 'e meast ikoanyske gebouwen fan de stêd is. De Leienske Stjerrewacht, dy't hjoed-e-dei e âldste noch besteande universitêre stjerrewachten yn 'e wrâld is, dêr't de widze fan stie fan astronomyske ûntdekkings (Willem de Sitter, Jan Oort, Henk van de Hulst), Albert Einstein (doe bysûnder heechlearaar yn Leien) ûntwurp tegearre mei De Sitter it Einstein-De Sittermodel (1932), dy't op 'e doe kreklyn ûntwikkele algemiene relativiteitsteory basearre wie.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard ek Leien swier rekke: benammen it gebiet om it Sintraal Stasjon en de Marewyk hinne waarden troch bombardeminten fernield. It histoarysk sintrum fan de sted bleau sparre. Oan de Morsweg stiet noch hieltiten in Dútske bunker.

It hjoeddeistige Leien is in sintrum fan wittenskip en nije technology. Dêrneist spilet ek it toerisme in wichtige rol foar de âlde fêstingsstêd.

Demografy Yn 2021 hie 67,8% fan 'e Leienske befolking twa âlden dy't yn Nederlân berne waarden. 16,9% hat op syn minst ien fan 'e âldelju dy't yn in net-westersk lân berne waard, en 15,2% hat op syn minst ien fan 'e âldelju dy't yn in westersk lân berne waard.

Religy en libbensbeskôgings Út ûndersyk docht bliken dat om 40 persint hinne fan de ynwenners fan Leien in leauwensoertsjûgings hat: 33% rekkenet harren ta it Kristendom, 5% ta de Islam en 2% ta wat oars. Fan de befolking besiket 25 persint wol ris in tsjerke, moskee of in oare leauwensromte (dêr't moslims faker nei de moskee by gean as kristenen nei de tsjerke).

Geografy thumb|300px|Leien fan boppe ôf besjoen Leien leit yn it noarden fan de provinsje Súd-Hollân, op likernôch 45 kilometer súdwestlik fan Amsterdam en 18 kilometer noardlik fan De Haach. Troch Leien streamt de Alde Ryn, dy't him oan de râne fan de stêd ôfspjalt fan de Nije Ryn. Alletwa rivieren komme yn it sintrum fan de stêd wer byinoar. Fierder takje it Ryn-Skiekanaal en de Zijl harren ôf út Leien wei.

Districtnr. District InwonersGemeente Leiden (GBA), bevolking 1 januari 2013 0 Binnenstêd-súd 8.177 1 Binnenstêd-noard 14.994 2 Stationsdistrict 1.925 3 Leien-Noard 13.327 4 Roodenburgerdistrict 20.226 5 Bos- en gasthuisdistrict 19.598 6 Morsdistrict 11.126 7 Boerhaavedistrict 4.545 8 Merenwijkdistrict 14.343 9 Stevenshofdistrict 11.546

Wetter en grien Mei namme yn 'e binnenstêd is it wetter wichtich. Neist de Âlde en Nije Ryn hat Leien ek in soad grêften en singels. De bekendste grêft is it Rapenburg, dêr't in soad steatlike hûzen oan stean. Bûten de stêd ferbine tal fan rivierkes en kanaaltsjes de sted mei de grutte wetterplassen, sa as Vlietland, de Kagerplassen en it Valkenburgse Meer.

De singels foarmje ek in wichtige grienfoarsjenning yn de stêd: in soad parken binne op it plak fan de eardere stedswâlen kaam. Bûten it sintrum leit it Leidse Hout, in grut stedspark, en binne lytsere wykparkjes, sa as it Bosk fan Bosman en it Park Merenwijk mei bernebuorkerij.

Bysûndere gebouwen Troch de ekonomyske delgong fan 'e ein fan 'e 17e oant it midden fan 'e 19e iuw is in grut part fan it 16e en 17e iuwske stedssintrum noch yntakt bleaun. It is it op ien nei grutste 17e iuwske stedssintrum fan Nederlân, nei dy fan Amsterdam.

Hûndert gebouwen yn it sintrum binne ferierd mei grutte muorskilderings mei gedichten, part fan in muorgedichteprojekt dat sûnt 1992 rint en noch hieltyd trochrint.

Fortifikaasje