thumb|right|260px|De Olympyske skâns yn St. Moritz De Olympyske Winterspullen 1948, ek wol de Ve Olympiade neamd, waarden yn 1948 yn Sankt-Moritz, Switserlân hâlden. Dat wie fan 30 jannewaris oant en mei 8 febrewaris. It wiene de earste Winterspullen yn tolve jier. De edysjes fan 1940 en 1944 giene net troch fanwegen de Twadde Wrâldkriich. yes

Akkommodaasjes AkkommodaasjeSport (en)Kapasiteit Yn de bergen fan Sankt Moritz Skyrinnen, Noardske kombinaasje (skyrinnen) Net neamd. Cresta Run Skeleton Net neamd. Kulm Iishockey Net neamd. Olympiaschanze St. Moritz Noardske kombinaasje (skânsspringen), Skânsspringen Net neamd. St. Moritz Olympic Ice Rink Keunstriden, Iishockey (finale), Reedriden Net neamd. Piz Nair Alpineskyen Net neamd. St. Moritz-Celerina Olympic Bobrun Bobslydzjen Net neamd. Suvretta Iishockey Net neamd.

Sporten thumb|right|260px|In iishokkyploech Op de Spullen fan 1948 stiene fjouwer sporten op it programma en 22 ûnderdielen ferdield oer 9 dissiplines. De Militêre patrûlje en de Winter fiifkamp wiene demonstraasjesporten.

Medaljes Medaljespegel 1 Noarwegen 43310 Sweden 43310 3 Switserlân 34310 4 Feriene Steaten 3429 5 Frankryk 2125 6 Kanada 2013 7 Eastenryk 1348 8 Finlân 1326 9 Belgje 1102 10 Itaalje 1001

Dielnimmende lannen thumb|right|280px|Dielnimmende lannen. De blau kleure lannen debutearren op dizze Spullen Achtentweintich lannen diene mei oan de Spullen, likefolle as oan de foarige edysje yn 1936. Fiif lannen debutearren: Sily, Denemark, Yslân, Libanon en Súd-Korea. Dútslân en Japan wiene net útnûge fanwegen harren rol yn de Twadde Wrâldkriich. Estlân en Letlân wiene ûnderwilens republiken fan de Sowjetuny wurden en soene pas yn 1992 wer op 'e nij meidwaan. Fierder ûntbrutsen yn ferliking mei de foarige edysje Austraalje en Lúksemboarch. Argentynje die wer mei nei't it by de twa foarige edysjes ûntbruts.

Keppeling om utens De webstee fan NOC*NSF oer de Winterspullen fan 1948

1948 Kategory:Barren yn 1948 Kategory:Sankt Moritz Kategory:Skiednis fan Switserlân Kategory:Sportevenemint yn Switserlân