George Wolfgang Carel Duco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Ljouwert, 26 jannewaris 1766 - Bitgum, 23 septimber 1808) wie de ienige soan fan George Frederik en fan S.E. d'Aumale.

Hy folge syn heit yn 1783 op as grytman fan Menameradiel, wie lid fan de Steaten fan Fryslân en boaske op 7 septimber 1790 mei Juliana Agatha thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Ljouwert, 27 maaie 1772, - dêre, 10 augustus 1843 ), dochter fan Wilco Holdinga Camstra thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, en fan Christina Geertruida Helena Meckema fan Burmania. Ut dit houlik kamen 11 bern.

Kategory:Frysk politikus Kategory:Grytman fan Menameradiel Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Fryske adel Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Frysk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Bitgum Kategory:Persoan berne yn 1766 Kategory:Persoan stoarn yn 1808