Bakker & Timmenga is in oargelmakkerij út Ljouwert. thumb|Oargel út 1894 yn de Sint-Magnustsjerke (Hollum) op It Amelân thumb|Oargel út 1900 yn de Doperske tsjerke (It Hearrenfean) thumb|Oargel út 1938 yn De Karmel yn Wâldsein, mei in oargelkast út 1839 fan J.C. Scheuer
Skiednis De oargelmakkerij waard yn 1880 mei úteinset troch twa oargelbouwers: Fokke Bakker (1842-1904) en Arjen Timmenga (1854-1920). Beide krigen har' oplieding by Willem Hardorff. It wie neist Adema, Van Dam en Hardorff de fjirde oargelmakkerij yn Ljouwert. It kompanjonskip waard yn 1902 ûntbûn; Timmenga sette it bedriuw allinnich fuort. Yn 1919 giet er in kompanjonskip oan mei syn soan Bernard Timmenga (1889-1972), dy't it bedriuw oant 1960 liede soe. Dan wurdt de oargelmakkerij oernomd troch Wopke Yedema en Harm Pieter Dam. Sûnt 1991 is Bert Yedema eigener.
Yn 2005 (by it 125-jierrich jubileum) waard it bedriuw bekroand mei it Predikaat Hofleveransier.
Yn 2023 waard it bedriuw troch Bert Yedema ferkocht oan Oargelmakkerij Reil yn it Gelderske Heerde. Op termyn is Oargelmakker Reil fan doel om de wurkpleats oan de Kleine Kerkstraat yn Ljouwert te sluten. Binnita Poelman, Eigenaar lag lang wakker van verkoop Bakker & Timmenga. Frysk Deiblêd, 25 oktober 2023, s. 8
Oargels (kar-út) Plak Tsjerke JierAbbegeaGeertrudistsjerke1923AldemardumHerfoarme tsjerke1900AldtsjerkPaulustsjerke1883AssendelftHerfoarme tsjerke1895Baard Herfoarme tsjerke1888BalkDoopsgesinde Tsjerke1908BitgummoleGrifformearde tsjerke1899 BoarnburgumHerfoarme tsjerke1925DamwâldSint-Bonifatiustsjerke1895De KnipeWite tsjerke1916De KnipeDoperske Tsjerke1960DolsterhuzenHerfoarme tsjerke1909 DonkerbroekGrifformearde tsjerke1920FeanwâldenJehannestsjerke1890FerwâldeHerfoarme tsjerke 1911GouderakGrifformearde tsjerke1899HantumhuzenSint-Annetsjerke1907It HearrenfeamDoopsgesinde Tsjerke 1900HidaardHerfoarme tsjerke1935HijumNikolaastsjerke1913KollumerpompGrifformearde tsjerke1913LjouwertKuriostsjerkeRinsumageast Aleksandertsjerke1892Roderwolde Jabisktsjerke1911SkuzumHerfoarme tsjerke1908Spannum Tsjerke fan Spannum1911StynsgeaPypketsjerke1929TytsjerkFitustsjerke1887VlagtweddeTsjerke fan Vlagtwedde1901WaddinxveenMoarnsstjertsjerke1898 WarstiensHerfoarme tsjerke1883WikelFêste Boarchtsjerke1900ZwartewaalMartinustsjerke1902
Sjoch ek List fan oargelbouwers
Keppeling om utens http://www.bakker-timmenga.nl/
Kategory:Frysk bedriuw Kategory:Nederlânsk oargelbouwer (bedriuw) Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1880 Kategory:Bedriuw yn Ljouwert