Marloes Maria Hilde (Marloes) Bolman (Harns, 8 novimber 1977), is in roeister. Se fertsjintwurdige Nederlân by meardere grutte ynternasjonale wedstriden. Sa die se ien kear mei oan de Olympyske Spullen, mar wûn hjirby gjin medalje.

Yn 2000 makke se op 22-jierrige leeftiid har Olympysk debút by de Olympyske Spullen fan Sydney op it ûnderdiel Twa sûnder stjoerfrou. De Olympyske roeiwedstriden waarden hâlden op it Regatta Centre fan Penrith Lake, in spesjaal foar de Olympyske Spullen oanleine roei- en kanobaan.

Yn har aktive tiid wie se oansletten by de Amsterdamske studinteroeiferiening ASR Nereus.

Palmares roeien (twa sûnder stjoerfrou) 2000: 6e Wrâldbeker I - 7.49,35 2000: 10e OS - 7.27,22

roeien (acht mei stjoerfrou) 1999: Wrâldbeker I - 6.28,83 1999: Wrâldbeker III - 6.04,20 1999: 4e WK - 6.55,57

Kategory:Frysk roeier Kategory:Frysk Olympysk dielnimmer Kategory:Nederlânsk roeier Kategory:Nederlânsk Olympysk dielnimmer Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1977