Titus Marius ten Berge (Nijensleek, 26 juny 1866 - Voorburg, 5 desimber 1949) wie in Nederlânsk politikus.

Ten Berge wie de soan fan lânbouwer Pieter ten Berge en Jantje Hofman. Hy wie fan 1887 - 1890 amtner op de sekretary yn Dantumadiel. Hy waard yn 1890 gemeenteûntfanger en yn 1898 folge hy Rintje Jans Visser op as boargemaster fan Warkum. Ten Berge wie dêrneist direkteur fan in bûterfabryk en konsul fan de ANWB. Fan 1915 - 1931 wie er boargemaster fan Frjentsjerteradiel. Hy ferhuze nei syn pensjonearring nei Súd-Hollân. Hy ferstoar op 83-jierrige leeftiid.

Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Frjentsjerteradiel (oant 1984) Kategory:Boargemaster fan Warkum Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Drintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1866 Kategory:Persoan stoarn yn 1949