De Olympyske Winterspullen 1952, ek wol de winterspullen fan de VIe Olympiade neamd, waarden yn 1952 yn Oslo, Noarwegen hâlden. Dat wie fan 14 oant en mei 25 febrewaris.

Oslo Flagge Foar de Olympyske Simmerspullen wurdt sûnt 1920 hieltyd de Antwerpske flagge trochjûn oan de folgende spullen. Yn Oslo waard it YOK in spesjale Olympyske flagge oerjûn, de Oslo Flagge, dat dy krekt op dyselde wize troch de winterspullen trochjûn wurde koe, om oan te jaan dat ek de winterspullen alle fjouwer jier fuortset wurde.

Akkommodaasjes AkkommodaasjeLokaasjeSport (en)Kapasiteit Bislett stadion Oslo Bandy (demonstraasje), Keunstriden, Reedriden 29,000 Dælenenga idrettspark Oslo Bandy (demonstraasje), IishockeyNet neamd. Holmenkollen National Arena Oslo Skyrinnen, Noardske kombinaasje, Skânsspringen 150,000 Jordal Amfi Oslo Iishockey 10,000 Kadettangen Bærum IishockeyNet neamd. Korketrekkeren Oslo BobslydzjenNet neamd. Lillestrøm stadion Skedsmo IishockeyNet neamd. Marienlyst stadion Drammen IishockeyNet neamd. Norefjell Krødsherad Alpineskyen (delgong), Alpineskyen (grutte slalom) Net neamd. Rødkleiva Oslo Alpineskyen (slalom) Net neamd. Bislett stadion Oslo Iepening en sluting seremoanjes Net neamd.

Sporten Op de Spullen fan 1952 stiene fjouwer sporten op it programma en 22 ûnderdielen ferdield oer 8 dissiplines. Bandy wie de ienichste demonstraasjesport.

Medaljes thumb|right|260px|Yngong ta it Bislett stadion Medaljespegel 1 Noarwegen 73616 2 Feriene Steaten 46111 3 Finlân 3429 4 Dútslân 1 3227 5 Eastenryk 2428 6 Kanada 1012 Itaalje 1012 8 Grut-Brittanje 1001 9 Nederlân 0303 10 Sweden 0044

1Neffens it YOK die "Dútslân" mei en net "West-Dútslân". By de trije folgjende edysjes kaam in mienskiplike ploech yn aksje mei dielnimmers út de beide Dútslannen.

Dielnimmende lannen Tritich lannen diene mei oan de Spullen, in rekord oant dan ta. Harren debút makken Nij-Seelân en Portegal. Dútslân en Japan wiene wer wolkom. Austraalje die ek wer mei. Yn ferliking mei de foarige edysje ûntbrutsen Lychtenstein, Turkije en Súd-Korea. It Dútske NOK, lykas dat foar de Twadde Wrâldkriich bestie, bestie noch hieltiten en wie noch net splitst yn in West- en East-Dútsk NOK. Dat soe pas fan 1968 ôf it gefal wêze. Oant dy tiid kaam in feriene Dútske ploech yn aksje: Yn 1952 wie dat ûnder de namme "Dútslân" en dêrnei as "It Dútsk ienheidsteam". East-Dútslân woe yn 1952 lykwols net yn in feriene Dútske ploech meidwaan, wêrtroch't de ploech allinne bestie út West-Dútsers.

Keppeling om utens De webstee fan NOC*NSF oer de Winterspullen fan 1952

1952 Kategory:Barren yn 1952 Kategory:Oslo Kategory:Skiednis fan Noarwegen Kategory:Sportevenemint yn Noarwegen