Pieter van Althuis (Peins, 25 oktober 1983) is in earder keatser út Peins. Sûnt 2011 keatste er yn de Haadklasse fan it KNKB.

Van Althuis waard yn 2010 twadde op de PC dy't benammen kenmerkt waard troch de rein dy't der dy dei foel. Van Althuis begûn mei keatsen by Keatsferiening Pieter Jellema yn Peins. Hy waard dêr yn syn jonge jierren treend troch Durk Gjaltema. Yn 1998 waard er mei Peins 5de op de Freule yn Wommels. Op de Bûnspartij fan 2002 waard Van Althuis 6de mei Peins.

Pieter van Althuis stie op it fjild foaral bekend om syn oansteklike entûsjasme. Maaie 2016 makke van Althuis bekend te stoppen mei keatsen fanwêgen problemen mei de ûnderrêch en syn heup Ljouwerter Krante 11-5-2022 Van Althuis stopt per direct met kaatsen. By de PC fan 2022 waard bekend dat Pieter van Althuis fan ôf de PC van 2023 de omropper fan de PC is, as opfolger fan Johannes van der Ploeg 2022 PC-Franeker.nl Johannes van der Ploeg draagt stokje over aan Pieter van Althuis.

Yn it deistige libben is Pieter van Althuis dosint gymnastyk.

Prizen 1998 - Freule 5e priis 2002 - de Bond 6e priis 2003 - de Bond 7e priis 2010 - PC 2e priis 2012 - de Bond 6e priis 2013 - de Bond 5e priis 2014 - de Bond 4e priis

Kategory:Frysk keatser Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Persoan berne yn Peins Kategory:Persoan berne yn 1983