thumb|150px|Lizzing Lilongwe yn Malawy (blau=Malawymar) Lilongwe is de haadstêd fan Malawy. Yn 2009 hie de stêd goed 900.000 ynwenners; en de befolking groeit hurd.
Geografy Lilongwe leit yn it midden fan it lân op in heechflakte, bewesten de Malawymar, tichteby de Lilongwerivier en oan de grutte noard-súd dyk fan Malawy, de M1.
De stêd hat in lânbouhegeskoalle. Befolkingsgroei Jier BefolkingWorld Gazetteer: Malawi: largest cities and towns and statistics of their population 1977 98,718 1987 223,318 1998 435,964 2008 866,2722009 902,388
Ut de skiednis Yn it ferline wie Lilongwe mar in doarpke oan de ouwers fan de rivier Lilongwe. It waard formeel yn 1906 stifte. Begjin 20e iuw waard it in koloniaal administratyf sintrum fan de Britten. Troch de lizzing oan de wichtige noard-súd ferbining groeide it plak hurd en waard rillegau de twadde stêd fan Malawy, nei Blantyre. Yn 1975 waard Lilongwe haadstêd fan Malawy yn it plak fan Zomba. Hoewol't Lilongwe it politike sintrum fan it lân is, is de stêd Blantyre ekonomysk fan grutter belang bleaun (tabaksfeiling).
thumb|left|225px|Ambachtsprodukten op in merk yn Lilongwe
Kategory:Plak yn Malawy Kategory:Haadstêd yn Afrika Kategory:Plak stifte yn 1906