thumb|260px|De Arie Visser ûnderweis nei Flylân De Arie Visser is in saneamd type RIB-rêdingboat (Rigid Inflatable Boat) fan de Keninklike Nederlânske Rêding Maatskippij (KNRM). De Arie Visser-klasse is de grutste klasse fan de KNRM. De klasse is der kaam doe't bliken dien hie dat de Johannes Frederik-klasse in te lytse aksjeradius hie, nammentlik 4,5 oere op folle krêft. De Arie Visser kin 16 oeren mei folle krêft farre.

Oandriuwing De boaten wurde oandreaun troch 2 MAN motoren fan 1000 pk. it stik. Dy 2 motors driuwe twa grutte Hamilton wetterjets oan. Der is keazen foar wetterjets omdat dy gjin bewegende dielen yn it wetter hawwe, en dat is feiliger foar drinkelingen. De 2 motoren jouwe de boat in topfaasje fan 34 knopen, sa'n 63 kilometer it oere.

Selsrjochtsjend De rêdingboaten yn de Arie Visserklasse binne all-weather-boaten, dat by rûge seeën bestiet de kâns dat sy omslagge. De boaten binne sa makke dat se út harsels wer werom kantelje kinne. Dat kin trochdat it stjoerhûs fungeart as in grutte luchtkeamer en it swiertepunt fan it skip bot leech leit; de motoren en tanks sitte ûnderyn it skip. Kapseize komt lykwols net sa faak foar; der is mar ien skip yn dizze klasse yndie omslein, de Anna Margaretha fan stasjon It Amelân, op 1 novimber 2006.

Spesifikaasjes Lingte18,8 meter Breedte6,1 meter Djipgong1,03 meter Motorfermogen2 * 1000 hk Faasje34 knopen Kapasiteit rêdenen120 Bemanning6

Boaten yn de rige NammeThúshavenJier yn tsjinst kaam Arie VisserWest-Skylge1999 Koning Willem 1Skiermûntsseach1999 ZeemanshoopBreskens2000 KoopmansdankNeeltje Jans2001 Koos van MesselIJmuiden2003 Anna MargarethaBallumerbocht (It Amelân)2004 Jeanine ParquiHoeke fan Hollân2006 Joke DijkstraDe Helder2007 Kitty Roosmale NepveuSkeveningen2008 AntoinetteStellendam2009

Kategory:Keninklike Nederlânske Rêding Maatskippij Kategory:Rêdingsboat