thumb|250px Ürümqi of Urumqi (Oeïgoersk:ئۈرۈمچی; siz: "Uuruumtsji", Nederlânske skriuwwize op âlde kaarten: Oeroemtsji) of Wulumuqi is de haadstêd fan Sinkiang, in autonome regio yn it noardwesten fan Sina. De stêd hie 2.082.000 ynwenners yn 2004.Xinjiang Uygur AR - SkyscraperPage.com
Under de Qing-dynasty en Republyk Sina hjitte de stêd Dinghua (迪化). Yn 1954 waard de namme fan de stêd feroare yn Wulumuqi (乌鲁木齐)/Ürümqi. Ürümqi betsjut "reade timpel" yn it Mongoalsk en yn it Oeïgoersk betsjut it "moaie greide". Hoewol't de stêd tichteby de noardlike siderûte leit, is it plak relatyf jong foar dy kontreien.
It is de grutste stêd yn de westlike helte fan Sina. De stêd hat taalkundich, kultuereel en kommersjeel mear bining mei it westen as it oarepart fan Sina. De befolking fan Ürümqi bestiet foar benei de helte út Han-Sinezen en goed 42% binne Oeïgoeren, it folk dat yn de lanlike gebieten fan Sinkiang de mearderheid fan de befolking foarmet.
Ürümqi is fan alle miljoenestêden de stêd dy't it fierste fan in see of in oseaan ôf leit.
Yn Sinkiang binne tsientallen goed bewarre mummy's fûn dy't faaks sa'n 4000 jier âld wêze kinne soene. De foarming fan de mummy's is nei alle gedachten op natuerlike wize bard, yn tsjinstelling ta de mummifikaasje dy't yn it âld Egypte tapast waard. It regionaal museum fan de haadstêd Ürümqi hat soksoarte mummy's, mar ek archeologyske fynsten dy't te krijen hawwe mei de siderûte.
Befolking De ûndersteande tabel jout de etnyske ferdieling fan de befolking fan Ürümqi; Etnyske groep Befolking Part (%) Han-Sinezen 5.000.000( 2009) 45,3% Oeïgoeren 4.400.000 42,79% Hui 167.148 8,03% Kazachen 48.772 2,34% Mantsjoes 7.682 0,37% Mongoalen 7.252 0,35% Sibelen 3.674 0,18% Russen 2.603 0,13% Tujia 1.614 0,08% Kirgiezen 1.436 0,07% Oezbeken 1.406 0,07% Zhuang 878 0,04% Tataren 767 0,04% Tibetanen 665 0,03% Dongxiang 621 0,03% Miao 620 0,03% Koreanen 588 0,03% Oaren 2.205 0,09%
600px|thumb|center|Panorama Ürümqi
Bestjoer Ürümqi hat sân gemeenten en in provinsjaal bestjoer, dat der binne totaal 8 bestjoerlike ôfdielingen. De plaknammen binne yn it Turksk jûn. thumb|300px|Bestjoerlike ferdieling Ürümqi OfdielingenBefolkingOerflak Namme Sineesk Oeigoersk 2002 km² Ürümqi Stadssector■ Yenişehir新市区يېڭىشەھەر رايونى360,000142■ Şuymogu水磨沟区شۇيموگۇ رايونى150,00091■ Tanrı Dağı天山区تڭرىتاغ رايونى450,000171■ Saybağ沙依巴克区سايباغ رايونى440,000422 Ürümqi Foarstedlike- en Plattelânsektor■ Mitung米东区100,000244■ Tudun Haba头屯河区تۇدۇڭخابا رايونى130,000276■ Tapançeng达坂城区داۋانچىڭ رايونى40,0005,042■ Ürümqi烏魯木齊县ئۈرۈمچى ناھىيىسى80,000 4,601
Kategory:Plak yn Sina Kategory:Plak stifte yn de 7e iuw