thumb|Lizzing Southampton yn Ingelân Southampton is in stêd (city) en unitary authority (UA) yn de Ingelske regio Súdeast-Ingelân en telt 217.445 ynwenners. De oerflakte bedraacht 49,8 km2.
Southampton leit yn it greefskip Hampshire. De stêd is de grutste havenstêd fan it lân.
Skiednis Hoewol't it plak al sûnt de stientid bewenne is en der ea de Romeinske delsetting Clausentum fêstige wie, begjint de grutte bloei fan Southampton pas mei de komst fan de Normandjers yn 1066, as de stêd brûkt wurdt as haven fan it tichtbylizzende Winchester (destiids de haadstêd fan Ingelân). Southampton foarmet fan dat stuit ôf de wichtichste skeakel tusken it Ingelske en it kontinintale diel fan it Normandyske keninkryk.
Op 10 april 1912 ferliet it bekende skip de RMS Titanic de haven en sette ôf nei Cherbourg yn Frankryk om dêrnei fierder te farren nei New York, dêr't it skip lykwols nea oankomd is.
Sport Southampton is de thússtêd fan fuotbalklup Southampton FC.
Berne
Nicholas Udall (1504), toanielskriuwer John Everett Millais (1829) , keunstskilder Ted Drake (16 augustus 1912), fuotballer en trener Benny Hill (21 jannewaris 1924), komyk Martin Chivers (27 april 1945), fuotballer Robert Hayles (21 jannewaris 1973), hurdfytser Will Champion (1978), drummer fan Coldplay Wayne Bridge (5 augustus 1980), fuotballer Craig David (5 maaie 1981), R&B sjonger Joe Keenan (14 oktober 1982), fuotballer Joe Brooks (18 maaie 1987), sjonger
Kategory:Plak yn Ingelân Kategory:Plak stifte yn de 1e iuw f.Kr.