Astana (earder Tselinograd, Aqmola en Nursultan, Kazachsk en Russysk: Астана) is de haadstêd fan Kazachstan en leit oan de rivier Isjim, yn Noard-Kazachstan, yn in flak steppegebiet.

De stêd, dy't yn 2022 sa'n 1 350 228 ynwenners telde, is sûnt 1997 haadstêd fan Kazachstan. De namme Astana betsjut 'haadstêd' yn it Kazachsk. Polityk en regearing binne de wichtichste ekonomyske faktoaren yn Astana. Astana foarmet in spesjale ekonomyske sône.

It besjen wurdich Der binne noch in protte bouprojekten net klear, sa as ambassades, represintative kades de rivier Isjim by lâns, ynfrastruktuer foar ferfier en kommunikaasje, ensafuorthinne.

de moderne regearingswyk de ouwers fan de Isjim it "Oseanarium" it Islamitysk sintrum de roomsk-katolike katedraal de merkehal it Histoarysk Museum fan Kazachstan de piramide fan frede

Kategory:Haadstêd yn Aazje Kategory:Plak yn Kazachstan Kategory:Plak stifte yn 1830