Freetown is de haadstêd fan it West-Afrikaanske lân Sierra Leöane. It is in havenplak oan de Atlantyske Oseaan. De ekonomy fan Freetown draait foar it meastepart om syn haven. Wichtich is it ferpakken fan fisk, rys, de raffinaazje fan ierdoalje, it slypjen fan diamant en de produksje fan sigaretten. Freetown hat in universiteit, de Universiteit fan Sierra Leëane, Fourah Bay College. thumb|left|250px|Heechste gerjochthof
Foarstêden en bûtenwiken Wellington, Kissy, Cline Town, Fourah Bay, Portuguese Town, Maroon Town, Kossa Town en Foulah Town, Congo Town, Murray Town, Hastings, Wilberforce, Aberdeen, York, Waterloo, Kent, Gloucester, Leicester en oaren falle ûnder de foarstêden en bûtenwiken fan Freetown.
Berne yn Freetown Syl Cheney Coker (1945), skriuwer Patricia Piccinini (1965), keunstner Eunice Barber (17 novimber 1974), Frânsk atlete Ibrahim Kargbo (10 april 1982), fuotballer Gibril Sankoh (15 maaie 1983), fuotballer Rodney Strasser (3 maart 1990), fuotballer
Keppelings om utens Cry Freetown Fotos fan Freetown
Kategory:Haadstêd yn Afrika Kategory:Plak yn Sierra Leöane Kategory:Plak stifte yn 1792