Iman Mohammed Abdulmajid (Somalysk: Imaan Maxamed Cabdimajiid; Cabdimajiid, Arabysk: ايمان محمد عبد المجيد, transliteraasje: ͗Īman Muḥammad ͑Abd al-Maǧīd; Mogadisjû, 25 july 1955) is in Somalysk model, aktrise en ûndernimmer.
Biografy
Iman is in dochter fan de Somalyske ambassadeur yn Saûdy-Araabje en gong yn Egypte nei skoalle. Letter ferfarre hja nei de Keniaanske haadstêd Nairobi. Sy studearre politikology oan de Universiteit fan Nairobi; die modellewurk yn Afrika en krige sa de bynamme ingel fan Afrika.
Yn 1975 waard hja fulltime model en ferfarre nei de Feriene Steaten. Dêr krige hja kunde oan basketballer Spencer Haywood. Sy trouden yn 1977 en krigen in dochter, Zulekha. Yn 1987 rûn it houlik op 'e non en 24 april 1992 troude Iman mei de Britske sjonger David Bowie (1947–2016). It pear krige in dochter yn 2000, Alexandria Zahra Jones, en wennen yn Londen en New York.
Iman is direkteur fan it kosmetikabedriuw Iman Cosmetics, dat him taleit op in brune hûd.
Iman is moslim en kin har yn fiif talen rêde.
Publikaasjes Naomi (forward) (1996), I Am Iman (2001) Beauty of Color: The Ultimate Beauty Guide for Skin of Color (2006). Kar-út films 1980 - Jane Austen in Manhattan 1985 - Out of Africa 1987 - No Way Out 1991 - Star Trek VI: The Undiscovered Country 1991 - L.A. Story (cameo) 1994 - Exit to Eden 1994 - Heart of Darkness
Keppelings om utens Imans offisjele webside Iman by de Internet Movie Database
Kategory:Somalysk model Kategory:Somalysk ûndernimmer Kategory:Somalysk moadeûntwerper Kategory:Somalysk filmakteur Kategory:Somalysk publisist Kategory:Somalysk autobiograaf Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk moadeûntwerper Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk publisist Kategory:Amerikaansk autobiograaf Kategory:Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Persoan fan etnysk Somalysk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Somalysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1955